Abbingawâld
(1999)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermdYnhâldAbbingawâld is krekt wat de auteur yn in brief fan 1 July 1942 oan Jan Piebenga foarsloech as ûndertitel foar de útjefte yn de rige fan De Fryske Bibleteek: in ‘doarpskronyk oer fjouwer jiergongen’. Hy behannelet yn fjouwer kear fiifentweintich koarte haadstikjes wat der it jier lâns bart yn in doarp. It earste part giet oer de perioade fan oktober oant sinteklaasjûn, it twadde fan krysttiid oant maart, it tredde fan maart oant Pinkster en it lêste makket de sirkel rûn. Dat fertellen oer wat it libben bringt yn de ûnderskate tiden fan it jier, is in prosedee dat ek gauris brûkt wurdt yn boereromans (bygelyks It Heechhôf fan Reinder Brolsma), mar yn Abbingawâld wenje gjin boeren mar boargers en yn dit boek spilet allinne in boeredochter fan de Geasten in lyts roltsje. Dat ûntbrekken fan it boerelibben makket it boek al fuortendaliks oars as oare Fryske boeken út de jierren tritich en fjirtich. Ek de wize fan fertellen is oars. Mei't de skriuwer syn oandacht hyltyd wer op oare persoanen rjochtet, is der net in echte haadfiguer mei wa't de lêzers har identifisearje kinne. Van der Schaaf tsjut wol oan wat der yn de minsken omgiet, mar fan har karakters, har emoasjes, har sielelibben wurdt men net folle gewaar. De typearrings binne frijwat stereotyp, mar omdat it beskreaune fermidden yn de Fryske romankeunst oant dan ta ûnbekend wie, hie it boek dochs wat ferrassends. | |
[pagina 286]
| |
It doarp yn Sjoerd van der Schaaf syn boek is in deftich doarp mei in gritenijhûs en in kantongerjocht en mei bewenners fan adel dy't gâns ynfloed hawwe, sawol op de rjochtspraak as op it ferieningslibben. Lykas oare doarpen hat it ek in kastlein, in bakker, in skearbaas en in skoalmaster en de skriuwer fertelt mei humor en soms mei nocht oan ûnnocht wat dy allegearre sa troch 'en dei belibje, hokker konflikten hja hawwe en wat der betocht en úthelle wurdt. Hy skriuwt oer har tsjinstuiten en fortúntsjes en oer wat der ferkrante wurdt yn de petearen ûnder inoar. Wat mear aparte ynwenners fan krekt dit doarp binne in frelle, dy't in fundaasje foar âlde dames fan bettere stân bestjoert, in notaris, in dûmny en in keunstskilder, mar út har hâlden en dragen docht bliken, dat ek hja winliken mar hiel gewoane minsken binne mei deugden en ek gâns ûndeugden. Yn elk haadstikje wurdt wat meidield oer ien of mear fan sa'n tritich beskreaune figueren. Mei elkoar foarmje al dy momintopnamen in soarte fan film oer it libben yn it doarp. In streamend ferhaal mei in probleemstelling en in slot dêr't in oplossing foar dat probleem yn fûn wurdt, is der net, in echte held of haadfiguer ek net. It doarp sels en hoe't it lytse libben dêr libbe wurdt, is it wichtichste tema. | |
SjenreAbbingawâld is wol in kaairoman neamd. Yn sa'n boek wurde besteande persoanen opfierd ûnder fingearre nammen. In skriuwer kin ferskillende reden hawwe om te kiezen foar dy foarm. Yn De hûn sil om jim bylje hat Rink van der Velde it libbens-ferhaal fan Eije Wijkstra, dy't yn 1929 fjouwer plysjes fermoarde, ferteld as wie it dat fan in man mei de namme Lute Woudstra. Hy naam dy wize fan fertellen foar kar om de frijheid te hâlden fan it histoarysk barren ôf te wiken en syn eigen ynterpretaasje fan de feiten te jaan. Yn oare gefallen kieze skriuwers foar in kaairoman, om't hja gjin spul krije wolle mei noch libjende | |
[pagina 287]
| |
minsken dy't hja der yn har boek net sa goed foarwei komme litte of om har modellen en dy har neibesteanden net op it sear te kommen. Afke's Tiental fan Nynke fan Hichtum is in foarbyld fan dat lêste. Yn de measte gefallen lykwols wurdt de foarm fan in kaairoman brûkt, as skriuwers krekt wol de minsken dy't model steane foar de romanpersonaazjes foar skut sette wolle. As se har oankleie wolle of fiele litte, wat hja troch har hâlden en dragen oaren - de skriuwer sels yn it foarste plak - oandien hawwe. It skriuwen fan in kaairoman is meastentiids in soarte fan wraaknimming. Der wurde dingen oan it ljocht brocht, dy't de minsken dy't dermei anneks west hawwe, leaver stilhâlde soene. Yn it gefal fan Abbingawâld wisten lêzers dy't in bytsje op 'e hichte wiene mei de situaasje yn it haadplak fan de gemeente Opsterlân fuortendaliks, dat de auteur Beetstersweach foar eagen hân hie by it skriuwen fan syn doarpskronyk. Foar har wie it in kâld keunstke en ferfang de nammen fan de personaazjes yn de roman troch dy, dêr't de minsken by de boargerlike stân mei ynskreaun stiene. Neffens de ferhalen is yn it doarp al rillegau nei it ferskinen fan it boek argewaasje ûntstien. Van der Schaaf krige krityk, om't er guon bewenners yn har boargerlikens en har lytsens, har hanneljen foar it eigen belang en benammen yn har ûnderdienigens oan de adellike hearen sa fyntsjes te kyk set hie. De krityk fan Van der Schaaf gou lykwols - oars as yn de measte kaairomans - net sa sear yndividuele bewenners as wol de hiele mentaliteit fan it doarp. De romanfigueren kinne yn syn boek ek net ien op ien ynwiksele wurde foar besteande persoanen. De dûmny hat bygelyks trekken meikrige fan Jan Derk Domela Nieuwenhuis Nyegaard dy't fan 1919 oant 1944 (help)predikant west hat op 'e Sweach (yn it earstoan yn de saneamde ‘adelstsjerke’), mar de dûmny dy't himsels te koart die yn 1934 hat in oarenien west. As jong amtner hie Van der Schaaf twa boargemasters meimakke en fan beide hat er eigenskippen en eigenaardichheden brûkt yn syn boek. Alle foarfallen út de | |
[pagina 288]
| |
roman binne ek net út deselde tiid, de skriuwer hat de tastân om 1900 hinne mongen mei kwestjes út 'e tweintiger en tritiger jierren, lykas de Lânstoarmdei dy't yndie yn 1926 op 'e Sweach hâlden is. Hy koe dat dwaan, net allinne om't er op 'e Sweach wurke hie, mar ek trochdat er dêr famylje hie. Syn beppe fan memmekant wie in Van der Vegt en de ferhalen oer ‘Saapke’, ‘Hylke’, ‘Lomme’, ‘Wibren’ en ‘Jan’, dy't yn it boek ‘Berga’ as fan krigen, hie er allegearre út famylje-oerlevering. Van der Schaaf syn heit stie as ‘reade skoalmaster’ bekend by de gemeentlike oerheid. Hy leaut, dat dêrtroch de Sweachster pommeranten fan it begjin fan syn amtlike karriêre ôf oan in skalk each op him hiene. De boargemaster kundige by in driigjende stakingsreboelje op 'e Gordyk in ‘samenscholingsverbod’ ôf, wylst Van der Schaaf sr. doe dichte oer de opmarsjearjende stakers as in ‘heldenstoet’. Doe't yn 1924 ûnderwizers op wachtjild steld wurde moasten, wie Thomas van der Schaaf ien fan de earsten dy't út it wurk rekken. Syn soan hat dat field as in persoanlik drama foar syn heit. De skriuwer fan Abbingawâld woe de waanwizens sjen litte fan de sabeare lju fan kwizekwânsje, dy't it idee hiene, dat hja de steat wiene en alle oaren de brekkers fan de steat. (Fryx, maart 1985). Hy hie gjin wraaklustige gefoelens oerhâlden oan syn jierren op 'e sekretary, sei er yn 1986 yn in artikel by gelegenheid fan syn tachtichste jierdei yn de Leeuwarder Courant. Wat him dan ta it skriuwen fan dit boek brocht hie? ‘Miskien wol in bytsje rankune, miskien ek wol wat nocht oan ûnnocht. En ik ha fansels altiten in hekel oan de adel hân. Mar dat it in soarte fan ôfrekkening wêze soe, dat giet te fier. Ik ha wol wat te lang op 'e Sweach ferkeare moatten.’ Yn De Strikel 1971 (siden 6 en 7) hat Van der Schaaf yn it artikel ‘De neidagen fan Abbingawâld’ noch in tal foarfallen beskreaun, dêr't de mentaliteit fan de hearen dêr't er yn syn roman de spot mei slein hie, út nei foaren komt. Guon ferhalen út Abbingawâld hie Van der Schaaf earder al ris ferteld yn syn ‘Fiten fan Fedde Foek’ yn it Folksblêd, lykas dat fan de streuper dy't úthâlde in kat ûnder de jas te hawwen, wylst er in hazze fan de baron snipt hie. It krantestik fan oktober | |
[pagina 289]
| |
1935 einiget alhiel yn de geast fan de lettere roman: ‘In dei of wat letter hat Fedde Foek al in oprop, om foar de kantonrjuchter te ferskinen. Der wurdt wolris sein, dat de amtlike mûnen sa stadich draaie mar as it streupers oanbelanget, kin alles ynienen folle gauwer. It kin ek wêze, dat de baron-kantonrjuchter safolle haast hat, omdat hy bliid is, dat hy einliks Fedde Foek ris te pakken nimme kin.’
Yn de Fryske literatuer wie yn 1947 it sjenre fan de kaairoman noch net bekend. De Sweach hie der wol al ûnderfining mei. Net allinne spile Slauerhoff syn ferhaal ‘Waar de levensvreugde vandaan komt’ (opnommen ûnder ‘verspreide verhalen’ yn Verzameld proza, 1975) him dêr ôf, mar ek yn Willem van Harpen's leerjaren (Enkhuizen, 1871) fan Albert Jan ten Brink waard troch de auteur al op sa'n wize in boekje iependien oer de adel yn Hazelbeek (= Beetstersweach), dat de famylje Van Harinxma thoe Slooten safolle mooglik eksimplaren fan dy ‘chronique scandaleuse’ opkeapje litten hie om tefoaren te kommen, dat it ferhaal rûnom yn Fryslân te lêzen wêze soe. | |
WurdearringYn syn resinsje yn It Heitelân fan Oktober 1947 skreau Jelle Brouwer, sels in Sweachster fan komôf, dat oer Abbingawâld noch al opskuor west hie, om't men it plak dêr't it spile en de lju dy't der yn foarkamen mei de finger oanwize koe en dat soks pynlik wêze koe as de skriuwer net fij wie fan karikatuer en as noch libjende lju in net noflike rol tabedield krige hiene. Benammen doe't de kranteskriuwers frijwat posityf blykten te oardieljen, stelde de yn it boek portrettearre ûnderwizer (dy't yn werklikheid dochs noch troud rekke wie mei syn ‘Saapke’) de fraach, oft in auteur soks as oer syn ferkearing allegearre samar skriuwe koe? Mocht er de wierheid ferdraaie en dingen út har ferbân helje? | |
[pagina 290]
| |
It praat dat der by it ferskinen grif oer it boek west hat, sil wol meast by praat bleaun wêze, want noch yn de Fryske deiblêden fan de simmer fan 1947, noch yn Frysk en Frij en oare Periodiken binne spoaren fan in diskusje te finen. Yn 1963 hawwe der dagenlang ynstjoerde stikken oer De smearlappen fan Anne Wadman yn de kranten stien, mar yn 1947 wiene de deiblêden noch tin en foar in ynstjoerde brieverubryk wie gjin plak. Van der Schaaf hat sels wol wat brieven krige oer it boek en it ferhaal dat de boekhanler op 'e Sweach it fan ûnder de toanbank wei ferkocht, wol er wol befêstigje. De auteur hie wol in bytsje ferwachte, dat der in trelit fan komme soe, mar wat wier bard wie, mocht neffens him ek beskreaun wurde en dat it foar de boargemaster wat sneu wie, wie net sa slim, dy hie net better fertsjinne... Van der Schaaf is fan betinken, dat men net in libben ferhaal meitsje kin dêr't alles fan optocht is. ‘Om in slutend ferhaal te meitsjen moatte jo tastannen, feiten en minsken op it each habbe dy't jo sels witte.’ (Fryx, maart 1985).
Los fan de argewaasje op 'e Sweach waard it boek oer it generaal goed ûntfongen, al hiene de resinsinten ek allegearre wol wat krityk. Brouwer wurdearre benammen dat Abbingawâld wat nijs bea, dat it net in sielskonflikt by ien persoan beskreau, mar de hiele organyske ienheid, dy't in doarp mei al syn ynwenners is. J J. Kalma neamde it yn Nieuw Friesland (7 juny 1947) in loftich flot ferhaal yn moderne trant, lykas Van der Schaaf syn debút It geheim fen de Greate Wielen, dêr't er de ûntspanningslektuer mei yn Fryslân yntrodusearre hie. It wie neffens him net in ‘grut’ boek, mar dy pretinsje hie it ek net. Hy achte it in beswier, dat de skriuwer mei syn humoristyske ferteltrant wol wat te loftich hinnegie oer yn wêzen djip tragyske dingen. Nei oanlieding fan it besprek fan Kalma hat Fedde Schurer yn de Heerenveense Koerier fan 15 July 1947 (sûnder dy syn namme te neamen) Van der Schaaf yn beskerming nommen yn it artikel ‘De skriuwer en syn model’. Nei't er ferteld hat hoe't it Rembrandt fergien is mei de skutters dy't er - har net nei't sin - | |
[pagina 291]
| |
ôfbylde hie op ‘De Nachtwacht’, skreau Schurer: ‘Sa't de skilder de minske brûkt as Stoffe foar syn komposysjes, sa docht ek de skriuwer dat. De skriuwer lit de wrâld, natoer en minske, op syn geast ynwurkje en stadich ferrize yn syn geast de omstreken fan syn skepping. Is syn boek in ferslach, is it rabberij of kweaspraak, of ek opsnolkerij fan de minsken dy't er beskriuwt en dy't er dêrmei yn in ferkeard of yn in goed deiljocht sette wol? As dat sa is, fertsjinnet de man de namme fan skriuwer net.’ Minsken dy't krekt witte wolle wa't model stien hat foar de romanfigueren, of wêr't in boek him ôfspilet, diene neffens Schurer ‘in moard op it boek’, omdat hja it ‘út syn eigen libbenssfear werom stjitte yn dy fan de realiteit, dêr't it wol út opgroeid is, mar dêr't it, no't it eigen libben krige, neat mear mei te meitsjen hat.‘Yn Fryslân koe, neffens Schurer, allinne in goede romankeunst groeie as de lêzers in goede en foechsume distânsje bewarje woene foar it tafallige materiaal fan de skriuwer oer. It probleem fan de ferhâlding fan de skriuwer ta syn modellen wie aktueel ein jierren fjirtich. Ek yn Drinte ûntstie yn 1949 gâns opskuor nei it ferskinen fan de roman Gezegend is het land fan Klaas van der Geest. Yn it doarp dat yn dat boek beskreaun wurdt, mienden de lêzers Schoonoord wer te kennen en de fraach riisde oft in skriuwer wol it rjocht hie maatskiplike misstannen út te tekenjen, dy't sa maklik lokalisearre wurde koene. Sels it Drents Genootschap hat him mei dy kwestje bemuoid en in gearkomste útskreaun, dêr't de skriuwer him yn ferdigenje moast. Willem Diemer dy't (de oersetting fan) Van der Schaaf syn boek in ferneatigjende krityk jûn hie foar de Regionale Omroep Noord (25 novimber 1949), naam it foar Van der Geest op mei de útspraak: ‘Wie een kunstwerk afmeet aan de werkelijkheid, die bewijst voor kunst geen fantasie genoeg te hebben.’ (Dagwerk 1948-1958, [1958] p. 88). Dat der yn de jierren '60 yn Fryslân noch net folle feroare wie en guon minsken noch altyd min fiksje fan feiten ûnderskiede koene, hat Trinus Riemersma moai sjen litten yn syn ferhaal ‘De skriuwer foar it Doarpsbilang’ (De Tsjerne 1967), dat er einigje liet mei in | |
[pagina 292]
| |
drigemint fan de skriuwer dy't syn argewaasje omsette yn ynspiraasje: ‘Wachtsje mar, smearlappen, jim sille jim sin ha. Ik skriuw in kaaiferhaal oer jimme!’
Anne Wadman feroardiele yn syn besprek fan Abbingawâld (‘Revue fan lytse ûndeugden’ yn De Tsjerne 1947) de misledige boargers fan De Sweach om har dommens en koartsichtigens, mar wiisde wol swakke punten oan yn de stofbehanneling fan Van der Schaaf. Hy seach it boek ek as in besykjen om yn it lyk te kommen mei it eigen ferline, de eigen jeugd, as in wraaknimming op de heechhertigens fan in miljeu dat him, syn foarfaars en de minsken fan de arbeidersstân net stean seach of út eigenbelang der ûnder hâlde woe. Dy wraaknimming wie Wadman net ferbiten en net neaken genôch. De skriuwer gie te licht oer de problemen hinne, de sjarme fan syn wize fan skriuwen achte er tagelyk de swakte. Marten Sikkema frege him yn De stiennen man (15 aug. 1947) ôf, hoe't in skriuwer yn de benearjende oarlochsomstannichheden der nocht oan hân hawwe koe oer sokke lytse doarpsdingen te skriuwen. Hy fûn dat de skriuwer it doarp en de minsken tefolle út in koele hichte wei beskreaun hie. Troch de knappe fertelkeunst, it goede komposysjefermogen en de behoarlike taalbehanneling wie it yn syn eagen dochs noch in lêsber boek wurden. De lêzer fan hjoed de dei sil njonken dy aspekten grif ek de humor en it relativearringsfermogen fan de auteur wurdearje. It boek hat wat lichtfuottichs. Yn fergeliking mei wat oan dan ta oan romans ferskynd wie yn de Fryske literatuer is it ferfrissend, omdat it ris net yn it boerefermidden spilet en omdat de auteur guon fan de beskreaune boargers as yndividuen hannelje lit, al lit er har dat dan wol wer op in stereotipe manier dwaan. No't it doarpslibben sa't Van der Schaaf it sketst hat, foargoed foarby is, krijt syn beskriuwing ek in elemint fan nostalgy, hoewol't syn fisy iroanysk bliuwt en de skriuwer net ta dierberens ferfalt. |
|