De útjeften
Nei't Abbingawâld as feuilleton yn it Volksblad voor Friesland (letter HetVolk) foltôge wie yn maart 1942, hat it bestjoer fan De Fryske Bibleteek rillegau besletten om it yn boekfoarm út te jaan. Der is in brief bewarre bleaun fan 1 july 1942 oan Jan Piebenga, dêr't Van der Schaaf yn frege oft syn boek faaks noch as it lêste fan de rige fan dat jier útbrocht wurde koe. ‘Der soe my oars neat driuwe; mar de kwestje is, dat ik sûnt heal april al op non-aktyf stean: myn frou is sa dom, net-Arysk te wêzen en dêrtroch is de sjoernalistyk foar my, salang't de tiden net feroarje, ferbean terrein wurden.’
Yn de oarlochsjierren moast de Bibleteek foar eltse útjefte apart tastimming freegje by it troch de besetter ynstelde Departement voor Volksvoorlichting en Kúnsten. Dat beseach dan, oft yn in te publisearjen boek gjin dingen stiene dy't de Dútsers net noasken. Van der Schaaf wiisde yn deselde brief op wankende problemen fanwege de oansluting by de Kultuerkeamer dy't faaks ferplichte wurde soe. De skriuwer wie ree ta ‘wat retouch en feroaring hjir en dêr yn it boek. It is yn in heal jier tiid, meast tusken de bedriuwen troch, ûntstien.’
It Bestjoer fan De Fryske Bibleteek waard op dat stuit foarme troch Y.K. de Boer, A. Wybenga, R. Boomgaardt, J.T. Bultsma, S. Rusticus en as samlers: D. Kalma, J. Piebenga en F. Schurer. Ut 'e notulen fan 17 Oktober 1942 docht bliken, dat Abbingawâld opnommen is yn it útjefteprogramma foar 1943 as nûmer 3 fan de saneamde grutte rige. Der waard doe nochris fêststeld, dat de leden bepaald hiene, dat de Bibleteek him net ideologysk of polityk beynfloedzje litte soe. Yn de Bestjoersgearkomste fan 6 jannewaris 1943 (frou Rienks wie doe ek bestjoerslid) waard dúdlik, dat dat wol dreech wurde soe, no't nei Ein fen 'e mars fan Van Houten, ek It scil bistean fan Obe Postma en De Christen Gysbert Japiks fan E.B. Folkertsma troch it Departemint ôfwiisd wiene.