| |
| |
| |
Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
‘Yn 'e maitiid diene de protters op it dak fan ús hûs op 'e Gordyk de ljippen nei en yn septimber koe it barre, dat jûns let yn 'e loft de wylpen klagen. It lân is rom en iepen nei it westen, mar de oare kant út is ek bosk; en de beamwâlen sitte fol toarnbeien yn 'e tiid tsjin it ierpeldollen. De Wâlden hawwe mannich gesicht en mannich aspekt; en ik haw altiten besocht, der wat fan te begripen. Opsterlân, East-Skoatterlân en Eaststellingwerf, dat wiene myn Wâlden, lange jierren. Ek hjoed de dei wenje der noch net safolle minsken, amperoan ien op 'e bunder, gjin treddepart fan it rykssifer. Dêrom is der plak foar jagers en foar streupers; en der hawwe lang ek hearen sitten, mar harren ryk rint no op in ein. Ik leau dat ik sjoen haw it ôfrinnen fan in tiidrek en it begjin fan in nij. Yn it wêzen fan de minsken en de uterlike dingen wie in soad, dat noch by de foarige ieu hearde.’
Sa begûn Sjoerd van der Schaaf in paginagrut artikel yn de Friese Koerier fan 15 septimber 1954 ûnder de titel ‘myn wâlden, in karakteristyk’. Ut de suver lyryske natuerbeskriuwing docht syn leafde bliken foar it lân fan syn berne- en jongfeintejierren, wylst er dêrnjonken in nofteren analyze besiket te jaan fan de gearhing fan lânsdouwe en folkskarakter, fan de sosjologyske lizzing en de ynfloed dêrfan op de maatskiplike ûntjouwingen yn 'syn Wâlden’. Yn Abbingawâld binne beide aspekten ek werom te finen: de leafde fan de skriuwer foar it gea en de minsken en it besykjen har yn har wêzen en yn har bestean te begripen.
| |
| |
Troch resinsinten is Sjoerd van der Schaaf faker as ienris ôfskildere as immen dy't op distânsje de minsken begnúfde en om har gnyske. De skriuwer is it mei dy typearring net iens en nimt it him nei, dat oaren sa oer him tinke. Beide kearen dat er in wichtige literêre priis krige, hat er yn syn tankwurd op dy krityk reagearre. Sa sei er by de útrikking fan de Piter Jellespriis yn 1978: ‘... ik bin yn resinsjes wolris ôfskildere as de man dy't de dingen fan fierren wat gnyskjend besjocht. Ik woe dat ik it hjirre foar altyd tsjinsprekke koe. It is in ding dêr't ik faak oer prakkesearre haw en dêr't ik sels fan leau dat it oergefoeligens is, bangens om al te folle yn de hurdheid fan de dingen betrutsen te wêzen. (...) Ik besjoch de dingen ek net gnyskjend, mar wol mei humor dy't mei gnyskjen net folle te krijen hat. It is it relative, it witten fan it minsklik tekoart, fan de beheindens fan alle stribjen, ek by jinsels. Der mei wol oer lake wurde, mar gnyskjen is dat net. It is it begripend laitsjen, it befrijend laitsjen dat de tsjinpoal is fan de al te stiifsettige ferbetterers fan de minsken en de wrâld.’
Marten Sikkema hat yn in besprek foar de Regionale Omrop Noord en Oost ek in suggestje jûn om Van der Schaaf syn hâlding foar syn romanfigueren oer mei te ferklearjen. Neffens him kin in auteur derta komme om syn personaazjes wat út 'e hichte wei te beskriuwen, as er winliken sels tefolle partij is (rono, 28 desimber 1965). Dy ferklearring leit ticht by de ‘oergefoeligens’ dy't Van der Schaaf sels neamd hat.
| |
Libben
Sjoerd van der Schaaf is op 1 april 1906 op 'e Gordyk berne as soan fan Thomas van der Schaaf (1878-1955) en Wintje de Jong. Hy hie in âldere en in jongere suster en in jonger bruorke. Heit wie oan de Rykskweekskoalle yn Dimter ta ûnderwizer oplaat en hat yn skoalle stien yn Appelskea, Wijk bij Duurstede, De Gordyk, Lippenhuzen, Lúksterhoek en Grins. Hy wie in
| |
| |
warber man yn de s.d.a.p., it ûnderwizersbûn, de Bond voor Staatspensionering en de ûnthâldersbeweging en hy hat skôgings skreaun, satiryske stikken en gâns fersen en ferskes û.o. foar De Klok fan G.L. van der Zwaag, De Ploeger, De Notenkraker, De Woudklank, it Volksblad voor Friesland en Frysk en Frij. Iere fersen fan syn hân, û.o. sonnetten, binne opnommen yn Sljucht en Rjucht en Forjit my net. Nine (Trijntje) van der Schaaf (1882-1973), dy't in rige Nederlânske romans op har namme bracht en ek gedichten skreau, wie in jongere suster fan Thomas. Sjoerd van der Schaaf woeks op yn in polityk bewuste sosjaal-demokratyske húshâlding dêr't belangstelling wie foar boeken en kultuer. Fan 1918 oant 1923 folge er de hbs-oplieding op It Hearrenfean en wylst er fierder in stúdzje administratyf rjocht en Steatsynrjochting mu die, wurke er fan 1923 oant 1930 as amtner op 'e sekretary fan Opsterlân, de earste jierren as folontêr, dat wol sizze sûnder salaris. Yn 1930 krige er in bettere posysje op 'e sekretary fan Skoatterlân. Yn dy tiid skreau er ek al sportferslaggen foar 't Groentje en yn 1931 folge in oanstelling by it Nieuwsblad van Friesland (de Hepkema) en sa hat er fan de sjoernalistyk syn berop meitsje kinnen. Noch yn itselde jier gie er oer nei Het Volk, it sosjaal-demokratysk deiblêd mei eigen edysjes foar ûnderskate hoeken fan it lân. Oant 1934 wurke er respektivelik yn Utert, Grins en Amsterdam. Mei't de wurksfear op 'e redaksje yn 'e haadstêd him net oanstie, wie er bliid doe't J.K. Dijkstra him nei Fryslân werom helle.
Op 1 augustus 1934 wie er troud mei de fotografe Hildegard Josefine Elias, in Eastenrykse dy't er - as sjoernalist yn 'e fakânsje fan Utert nei Wenen reizgjend - yn de trein kennen leard hie.
| |
Frysk skriuwerskip
Fan 1934 oant 1942 wie Van der Schaaf ferbûn oan it Volksblad voor Friesland, dat oant july 1940 ûnder lieding stie fan J.K. Dijkstra. Fan him learde er om yn it Frysk te skriuwen.
| |
| |
Fingeroefeningen foar syn letter novellistysk wurk wiene de koarte, satiryske stikken (‘fiten’) dy't er foar it Folksblêd skreau ûnder de pseudonimen ‘Fedde Foek’ en ‘Sytske Sûkerbak’.
Het Volk yn Amsterdam is fan de nije oarder fuort yn 1940 nadere en de Fryske edysje waard (mei behâld fan in Fryske pagina) doe ek omneamd ta Het Volk (K. Dijkstra yn De Strikel 1979, s. 103). Van der Schaaf waard op 15 april 1942 twongen om ûntslach te nimmen.
Yn de jierren dat er offisjeel sûnder funksje wie, wurke er mei oan it yllegale blêd Je Maintiendrai. Fierder makke er dy tiid produktyf troch de skiednis fan de Fryske beweging yngeand te bestudearjen. Om foar syn húshâlding - der wiene ûnderwilens trije bern - it brea te fertsjinjen die er typwurk. De situaasje yn de besettingstiid wie foar harren ekstra nuodlik, mei't frou Van der Schaaf in joadinne wie.
Nei de oarloch bleau Sjoerd van der Schaaf oant July 1947 redakteur fan Je Maintiendrai, dat yn July 1946 fierder gie ûnder de namme Nieuw Friesland. Underwilens wie er beneamd ta lid fan de redaksjerie fan de Heerenveense Koerier. Tegearre mei Fedde Schurer hat er oant 1952 de haadredaksje fan dy ûnôfhinklike en progressive krante hân, wylst er yn It Mar by It Fean wenne. Yn dat jier waard er haadredakteur fan de deiblêdkombinaasje N.V. De Nieuwe Pers, in leat fan de Parool-stamme dy't ûnder oare it Nieuw Utrechts Dagblad útjoech, dêr't Van der Schaaf by kaam te wurkjen. De húshâlding sette him doe yn Maarssen nei wenjen. Neidat de deiblêdkonsintraasje ek foar Het Parool ta gefolch hie, dat der kranten ferdwûnen, krige Van der Schaaf yn Amsterdam de funksje fan steatkundich kommentator en dat is er oan syn pinsjoen yn 1971 ta bleaun. Yn de skiednis fan de Nederlânske sjoernalistyk sil syn namme ferbûn bliuwe oan de ‘kwestje Schokking’. Yn 1956 publisearre in ferslachjouwer fan it Haags Dagblad ûnder ferantwurdlikheid fan Sjoerd van der Schaaf in artikel oer it oarlochsferline fan de doetiidske boargemaster fan De Haach. Dêr kaam dalje op yn
| |
| |
de kranten dy't net ta de Parool-groep hearden. Troch de ûnfersetlikens fan Van der Schaaf, dy't as haadredakteur it ferhaal goed kontrolearre hie foardat it publisearre waard en dy't mei in berop op de frijheid fan de parse syn stânpunt ferdigene, hat boargemaster Schokking him úteinlik twongen field om ôf te treden.
Al foardat der foar Van der Schaaf in ein kommen wie oan syn wurk yn de sjoernalistyk, hie it bestjoer fan de Fryske Akademy him frege om in gearfetsjende skiednis fan de Fryske beweging te skriuwen, in opdracht dy't de auteur graach oannimme woe, om't er al frijwat foarwurk foar sa'n publikaasje dien hie. Hy fûn yn Oentsjerk, op in gaadlike ôfstân fan Akademy en Provinsjale Biblioteek, in hûs en wurke in jiermannich stoef oan syn Skiednis fan de Fryske biweging, dy't yn 1977 útkaam. Foar it pionierswurk dat er mei dy stúdzje ferset hat, is him yn 1978 de Piter Jellespriis takend. It boek foarmet mei de biografy fan Geart Lourens van der Zwaag, dy't yn 1958 ûnder de titel De kloklieder fan de Súdeasthoeke ferskynd is en Van der Schaaf syn skiedskriuwing fan ‘de Friese Stichtingen 1940-1945’, De belofte gestand gedaan (1985), it dokumintêre part fan syn oeuvre. In grut tal krantestikken kin dêr fansels noch oan tafoege wurde.
| |
Belletry
As skriuwer fan fiksje yn boekfoarm debutearre Sjoerd van der Schaaf yn 1941 mei It geheim fen de Greate Wielen, de earste speurdersroman of ‘detektive’ yn it Frysk. Hy hie it yn 1940 skreaun as feuilleton foar it Volksblad voor Friesland. Fuortdêrnei sette er yn 'e krante út ein mei Abbingawâld, stipe troch it sukses fan syn plysjeferhaal, dêr't yn in pear wike tiid alle 2000 eksimplaren fan ferkocht rekke wiene. Oan maart 1942 ta waard Abbingawâld yn ôfleveringen publisearre. Doe't de skriuwer twongen
| |
| |
waard om ûntslach te nimmen, wie syn ferfolchferhaal krekt út. De wûndere simmer fan Jurrit Jongema, dat yn 1946 yn It Heitelân stie, is yn 1957 - justjes feroare - yn boekfoarm útkommen yn de rige fan De Fryske Bibleteek. Nei de oarloch skreau er ek koarte ferhalen foar De Tsjerne, dy't omtrint allegearre opnommen binne yn It gefal Hjerre Bijker en oare forhalen (1965). In twadde detektiveferhaal, De simmerske jacht, dat yn 1946 as feuilleton begûn wie yn Nieuw Friesland, is Van der Schaaf yn 1947 mei ophâlden. De skriuwer hie it doe mei syn wurk foar de Heerenveense Koerier sa drok krigen, dat er der net mear oer gear komme koe. It boek dêr't er yn 1983 de Gysbert Japicxpriis foar krige, De bijekening, is in bewurking fan Hoarnehuzen, dat tusken 1973 en 1975 yn Frysk en Frij stie. It ferfolch, De lawine, is yn 1988 útkommen.
Ut dat oersjoch fan syn literêr wurk docht búken, dat Van der Schaaf meastentiids in skriuwer ‘fan de koarte baan’ west hat. Ek Abbingawâld draacht de spoaren fan de haast, dêr't it somtiden yn skreaun wurde moast. In fêst plan foar it ferrin fan it ferhaal hie de skriuwer net fan tefoaren makke. It stramyn joech him hâldfêst om hyltyd in nije ôflevering skriuwe te kinnen op in stuit dat dêr yn 'e krante ferlet fan wie. Yn in fraachpetear dat Steven Sterk yn 1984 mei Van der Schaaf hie foar Fryx (publisearre yn maart 1985) sei er dêroer: ‘Ik hab as literator eins nea mear west as in feuilletonist, al smyt ik mysels net fuort.’
Ek fertelde er by dy gelegenheid, dat er eins earst mei it skriuwen fan belletry begûn wie, doe't er troch de oarlochsomstannichheden yn de krante net mear kwyt koe, wat er woe. ‘It wie in manier om as earlik man wat te skriuwen (...). Doe bin ik bewust mear mei it literêre sjenre oan 'e gong gien, dêrfoar hie ik der nea sa oer neiprakkesearre.’ (Fryx, maart 1985). Hy is fan betinken ‘dat de literatuer der is om sjen te litten wat polityk en oare dingen net sjen litte. Literatuer leit út hoe't bepaalde dingen polityk barre kinne, sûnder direkt engazjearre te wêzen. Polityk is nea in kwestje fan absolút gelyk of ûngelyk. It hat twa kanten en it is de literatuer dy't dy twa kanten útkomme
| |
| |
litte moat. Jo moatte de ferskate kanten fan it libben en de libbensoertsjûging útkomme litte, sûnder partij te kiezen. It kin wol ris in bytsje, mar it moat net de opset wêze.’ (Fryx, maart 1985).
|
|