yn 'e noas en dêr heart er ek de oargels. Hy giet nei de grutte stêd, Lamey, dêr't it eltse dei merke is; wat is it in gat, dit Abbingawâld, tinkt er, en dochs is er net sa bliid as er einliken wêze moatten hie.
Ienkear ûnder de kastanjebeammen wei giet it neigeraden hurder. Hja komme no by it hurddraven lâns en de boeren hâlde de hynders by de bek beet, foar it gefal dat hja ris bang wurde mochten fan it pûsten en fan de reek.
En dan binne se út de drokte wei; bûten! Lamey stiet noch altiten op it balkon en sjocht foar it lêst de wikseljende lânsdouwe: kampkes grienlân, bosk en hjir en dêr noch wat heide. De stêd dêr't er hinne giet, leit midden yn it keale lân; wat de natuer oanbelanget, is it gjin foarútgong. Mar oars mei it net lykje. Hy komt no te ferkearen tusken minsken sûnder doarpsfoaroardielen; hy kin noris wat sjen en wat belibje, midden yn it libben komt er te stean. Frjemd, wêrom fielt er him net blider?
Hy tinkt oan Froukje, Lamey; dat er him sa tjirge hat om dy boeretryn! En as dan syn prakkesaasjes op master Walinga komme, wurdt er wierliken nidich ek noch.
Lamey set in swart gesicht en skodhollet, wylst er stiet op it trambalkon; dy lytse dingen moat er ferjitte en yn 'e stêd sille se him ek gau genôch fergetten wêze. Der komt no mear sicht oan beide kanten; de bosk hâldt op. Neigeraden wurdt it allegearre greidlân mei beamwâlen dertusken. Hjir en dêr rint swartbûnt fee; ek toarnbeisykjende bern sjocht Lamey.
De tram bliuwt stean ûnder hege ikelbeammen mei in protte roekenêsten deryn. Dan wurdt de wei keal en giet it mei in bôge it westen yn. It lân wurdt iepen; hjir kin men de boerepleatsen oer it fjild ferspraat lizzen sjen.
Abbingawâld is in blaueftige wolk wurden oan in dizige kym. De kontoeren binne net skerp, sels Jan Berga's belvedêre kin er amper ûnderskiede. Lamey hinget no oer it izeren hikje hinne. Sil er hjir ea weromkomme? It liket him ta, dat alles in dream west hat, de jiermannich dat er te Abbingawâld tahâlden hat.
It wurdt no dochs wat fris bûten, yn it skaad en op 'e wyn.