‘Ik koe hjir dochs net bliuwe nei alles, wat der bard is,’ seit dominy Douwes Dekker.
‘Jo woene hjir graach wei, jo hoegden hjir net wei,’ seit syn gewisse.
‘Mar hoe kin ik dominy wêze op in plak, dêr't in boargemaster aksje tsjin my fiert en de minsken opropt ta fijânskip tsjin my?’
‘Jo wurd as geastlik harder moat josels en de minsken mear wurdich wêze as boargemaster syn praatsjes.’
Dominy preuvelt foar him út; der komme noch folle mear kwestjes op it aljemint en hy rekket der iderkear mear yn betiisd. As er lang prakkesearret, wurdt it him licht yn 'e holle en moat er him even deljaan. Dat it libben sa swier is!
Ja, it draait him wat yn 'e holle; men soe net hoopje, dat de minne tiid no al begjint.
De sinne skynt op 'e beammen. Hjir en dêr blinkt al in giel blêd.
Op in freed sil de famylje Douwes Dekker ferfarre. Al om healwei seizen rydt Anske Wibes foar mei in grutte richte frachtauto, dy't er foar dizze gelegenheid beset hat. Hy skellet, mar nimmen docht iepen. Hy skellet nochris en no langer: dat folk sliept fansels noch. Mar ek diskear bliuwt alles Stil.
As Anske Wibes net sa'n drokke dei en sa'n lange reed foar him hân hie, hied er faaks in setsje yn 'e kabine fan 'e auto sitten gien; mar hy wol tige graach avensearje en skellet no in hiel skoft.
Boppe wurdt in finster iepen dien: mefrou. Hja freget oft mynhear dan net ûnder is, dy soe alles oanwize.
‘Ik soe hast sizze fan nee,’ seit Anske Wibes, ‘ik haw al trijeris skelle.’
‘Dat is frjemd; dan kom ik by jo,’ seit mefrou, dy't wat ûngerêst liket. Even letter draait hja de kaai om en docht de skoattel fan de doar.
‘Myn man, der doocht grif wat net mei myn man,’ seit hja en Anske Wibes sjocht, dat de triennen har yn 'e eagen stean. ‘Wolle jo net even sjen?’