funksje kin men ek wol waarnimme, as men yn in frjemd lân sit. Men kin rûnom wol dofkes wei ferstjoere. Lykwols, sa'n man no noch te skriuwen, dat kin hast net. Hja hawwe har kâns foarbygean litten. En mefrou Loman Hoextra freegje, dat giet ek min mear, no't de fanfare harren foar west hat; en froulju en sjitten, dat strykt einliken ek net.
Moai waar, sierlik waar, al binne de nachten en moarntiden wat fris. As middeis de sinne boppe de doarpsstrjitte stiet, kin men noch wol switte, sjedêr; en sa krije de hear J.P. van Heuvel en notaris Benedictus dochs noch in kâns mei har swimynrjochting. Hja roppe in gearkomste fan belangstellenden gear op it lytse sealtsje fan Jan Berga en al te folle minsken ferskine dêr net, want elk hat wol begrepen, dat it om sinten te rêden is; mar as earst mynhear Van Heuvel de grutte wearde fan swimmen útlein en notaris Benedictus foarrekkene hat, dat it alhielendal gjin strop hoecht te wurden, sjoch, dan krije se op papier dochs noch in aardich somke bymankoar. Der wurdt dan daliks ek mar in feriening oprjochte: de hear J.P. van Heuvel foarsitter, Jan Berga siktaris en notaris Benedictus skathâlder. Fansels, dit jier kin it mei de swimynrjochting neat mear wurde, mar de foarsitter treastget alle leden tige oan, de kommende winter propaganda te meitsjen; noch wat leden en wat sinten der by en hja kinne ier yn 'e maaityd de besteging hâlde.
Wis, de hearen Van Heuvel en Benedictus hawwe de dingen al goed foarmekoar. In plak hawwe hja ek al fûn. Hja hiene earst it each op in stikje lân fan de tsjerke, oan de hurde dyk, mar in diel fan 'e tsjerkfâden hie beswieren, as der gjin tasizzings dien waarden oangeande skieding fan manlju en froulju en sluting fan de ynrjochting op snein. En dêr wiene de hearen Van Heuvel en Benedictus net ree ta. Fan mefrou Loman Hoextra hawwe hja doe, sûnder kondysjes, de beskikking krige oer in stik beamwâl oan it Boeredjip, dêr't men komt in âlde sânreed lâns mei in fytspaad der nêst. Lomme Berga hat der mei harren hinne west, om it krekt oan te tsjutten; ‘it hat syn foar en it hat syn tsjin,’ sei er, in bytsje skealik, omdat dit dochs blykber bûten him om gien wie.