oer praat? Wêrom moast men alles yn 'e krante lêze, wylst dominy earne fier fuort mei fakânsje siet? ‘Jo geane fuort as in dief yn 'e nacht,’ seit in trouwe tsjerkgonger tsjin dominy en dy wit net, wat hy dêrop sizze moat.
En op 'e snein dat dominy Douwes Dekker syn ôfskiedspreek hâldt, sitte der mar in pear frijsinnigen yn 'e tsjerke. Der is war dien, dat allegearre thúsbliuwe soene, mar dat wie in man as siktaris Jelles fierste mâl. Siktaris mient wol, dat dominy net goed hannele hat, mar wit tagelyk tige skoan, dat der oan 'e oare kant ek fouten makke binne.
Nee, net alle frijsinnigen binne thúsbleaun, mar de measten wol. En dat dochs de tsjerke roller is as oars komt, om't it Bethelfolk by dit ôfskie is. Net, om't hja it net ôfwachtsje kinne; dy't leauwe, haastje net. Mar Lomme Berga en syn lju woene net, dat dominy dizze lêste snein allinne foar stuollen en banken prate soe; dy skande woene hja him besparje. Och, hja hawwe wol achting foar dominy Douwes Dekker, benammen no't er fuortgiet.
Dominy Douwes Dekker hie preekje wold oer in tekst út Jeremia: Bedwing uw stem van geween en uwe oogen van tranen, want er is loon voor uwen arbeid, spreekt de Heere. Mar hy is goedernôch by de tiid, om te begripen, dat soks no net kin. Der is gjin drôvens by dizze tsjerkgongers, mar bliidskip; en as hja lean foar har wurk krije, dan is dat net it lean, dat dominy de frijsinnigen foarhâlde wold hie, bywannear't hja hoekhâlden.
Hy fielt, dat wurden fan treast en hope net op har plak binne; hy moat himsels ferdigenje, dominy Douwes Dekker, en hy besiket dat te dwaan mei in tekst út it Mattéusevangeelje: Meent niet, dat ik gekomen ben, om de wet of de profeten te ontbinden; ik ben niet gekomen om die te ontbinden, maar te vervullen.
Hy preket sa goed er kin; foar it lêst yn dizze tsjerke weaget syn burd oer de toga; foar it lêst meitsje syn earms wolsprekkende gebearten, wylst syn moaie, dúdlike stimme ûnder de ferwulften troch rôlet; mar lûder as dy stimme is de stimme fan syn gewisse. Hy hat net goed hannele en no kriget er syn lean. Dêr preket er