Siktaris Jelles seit neat, dêr't de oare hearen by binne; hy lit Lammers by him op syn keamer komme en freget, wat dit einliken foar kluchten binne. Mar as er heart hoe't it sit, skodhollet er en betellet; it is in sterk stikje, mar it is him dochs de muoite net wurdich, der rûzje om te meitsjen.
Op 'e siktarije lykwols giet it Lammers net sa glêd ôf. It begjint mei Steggerda, dy't de rekken trochsjocht en dan seit, dat er dy twa koppen kofje en dy gebakjes nea besteld hat.
‘Mar jo hawwe se wol ynnaam,’ seit Lammers, ‘jo mochten se wol.’
‘Haw ik se jo besteld, ja of nee?’
In min spul. Steggerda kin men net behannelje as wied er in kantongerjochtklant. Lammers wit dat skoan; hy jout ta, dat boargemaster Suringa de kofje en de taartsjes besteld hat, mar boargemaster Suringa betellet se net en oars hat hy de skea. As Steggerda dat faaks wol...
Nee, dat wol Steggerda alhielendal net; Steggerda wol allinne, dat Lammers nei boargemaster Suringa ta gean sil en sizze: Sjoch, boargemaster, hjir is de rekken foar wat jo my besteld hawwe.
Lammers makket meneuvels mei gesicht en earms.
‘Dat giet dochs net, dat jout dochs gjin pas. Hy hat my goed sein, wêr't ik my oan te hâlden hie.’
‘Ik wit wol rie,’ seit Steggerda, ‘jo biede boargemaster de rekken oan fan it boek, dat wy him jûn hawwe, en as jo dat jild hawwe, dan krije jo fan ús it jild foar de traktaasje.’
‘Jo hawwe de gek dermei; soks kin dochs net,’ klaget Lammers, en hy sjocht as in ûle.
‘It is krekt itselde,’ seit Steggerda.
Lammers besiket it no by âlde Jaap Lolkema, mar dy is moedich wurden troch Steggerda's wegering en ferpoft it ek, te beteljen.
‘Och, och, jo ek net, en jo hawwe wol fiif taartsjes hân,’ beart Lammers.
‘Dy hawwe jo foar my delset,’ grânzget de âlde.