stean, want hy kin oeral by en lit neat foar har oer. Nee, Frysk skilder wêze betsjut itselde as earmoed lije; mar wêr fynt men sa'n lânsdouwe en sa'n neisimmer? De heide bloeit en watfoar heide! Net fan dy nearzige pôltsjes, mar heide dy't jin oan de knibbels ta komt. Oer de blomkes tommelje de lêste kleurige flinters, en men rûkt de hunich. De fiere bosken wurde wei yn de blauwe dize, mar de giele sânpaadsjes en grienlânen en reade dakken fan de buorkerijen ljochtsje noch helderop, want de himel is klear en de sinne noch waarm. De skilder Hoitema snúft de goede loft djip op en drinkt de kleuren; oer in wykmannich is dit allegearre foarby.
Op in jûn, as de skilder Hoitema thúskomt, wachtet der in Amsterdammer op him, immen dy't himsels keunsthanneler neamt. Hy hat de resinsjes lêzen, seit er, faaks kin er Hoitema wat yn Hollân ynfiere. Men sjocht yn Amsterdam wol wat yn Friezen; it binne ynteressante lju, is it betinken.
Dy blinder, no sil it wêze, tinkt Hoitema; mar de yllusy duorret net lang. De man is in útsliepte Hollâner, en gjin Kanadeeske noveau-riche. De prizen dy't er neamt, binne gewoanwei skandalich: tsien gûne foar dat moaie boeretype fan Boskhuzen, trije ryksdaalders foar in grutte lânsdouwe mei in stikje Boeredjip derop, fiif gûne foar in tige nijsgjirrich skilderijke mei kamper-foelje en oare wylde blommen.
Mar de Amsterdammer lit him samar net ôfsâltsje; Hoitema moat goed begripe, dat er yn 't earstoan yn de grutte stêd net te heech yn 'e beam sitte mei. As er wat namme hat, ja, dan kin er hegere prizen freegje. Mar hy moat earst ynfierd wurde. Eltse skilder moat earst ynfierd wurde. Der binne grutte skilders, waans wurk earst nei har dea jild gou.
Hy praat handich en fluensk, de stêdskeapman, mar Hoitema is op dit stuit der noch net sa min oan ta, dat hy der ta komme kin, syn wurk foar in krats fan de hân te dwaan. Hy boarst op 't lêst út, dat se yn Amsterdam fansels tinke, sokke boerekeardels samar in poat útlûke te kinnen. Mar sa is 't net!
De man hat in keamer besprutsen by Jan Berga; as de skilder