somliken sprekke der skande fan, dat dominy de gemeente sa hommels sitte lit, mar oaren tinke, dat de man gelyk hat nei dy aksje fan boargemaster Suringa. Dy't sa prate binne de otterdoksen; it is in wûnder, hoe goed dy dominy Douwes Dekker fersteane, alhoewol hja it lûdst skande roppen hawwe nei dy fredesgearkomste. De frijsinnigen lykwols sizze, dat dominy de wurden fan boargemaster mar tige graach oangrypt hat, om fuortkomme te kinnen; oars soe der dochs mei him te praten west hawwe? Hja fersteane dominy Douwes Dekker ek, mar op har manear. In moaie boel; fan 't maaityd hat mefrou noch sa'n djoer kado oannaam en no dit! Dêrom ferskûlet er him fansels; hy wit wol dat it net doocht.
Née, hja hawwe wolris ienriediger west yn Dillema's skearwinkel. De otterdoksen sizze, dat de skuld by boargemaster Suringa leit, dy't it ek mar it ferstannichst achte hat, út te knipen; en dêr hawwe de frijsinnigen einliken ek net safolle beskie op. Mar it hie sa raar net hoegd mei dominy, miene hja; dêr moat men yn de krante lêze, dat er in berop krige en oannaam hat, en de man sels kin men net beneikomme. Hja geane net nei de ôfskiedspreek, perfoarst net; hja bliuwe thús, allegearre.
Om healwei tolven, daliks nei it útgean fan de skoalle, komt master Walinga; net om skeard, mar om knipt te wurden. De grutste drokte is dan foar de moarntyd al foarby. Hy is brúnferbarnd, master Walinga; men kin sjen, dat er in goede fakânsje hân hat.
‘Jo koene wol yn in oare hûd krûpt wêze,’ seit Dillema benijd, ‘hoe hawwe jo it hân, master, der sa út te sjen nei sa'n reinige rite?’
Master Walinga fertelt, dat er op it Amelân west hat; wis, it wie min waar en baaie wie it te kâld foar, mar kuierje koe dochs wol, as men mar soarge, reinjassen mei te nimmen. ‘Wy wiene der altiten op út,’ seit master Walinga.
Hy praat oer ‘wy’, master Walinga, en Dillema knikt; ‘dit is al better as dy oare, master,’ seit er, wylst er de lêste hierren fan Hessel de Boer syn troanje skrabbet.
‘Hja is sakke, hè'n?’ laket Hessel de Boer, ‘spitich, it wie in prachteksimplaar fan in solosjongeres wurden.’