dy't doedestiids rûn as in hazze, om oan 'e polysje te ûntkommen. Dit is in fersleine en nuete Eabele, sa't er dêr troch de rein bokselet, om himsels oan te jaan.
Op 'e siktarije sjogge se al wat frjemd tsjin Eabele oan; hja kenne him net, en swalkjend folk hawwe se it dêr net op stean.
‘Wat boadskip hawwe jo?’ freget Jaap Lolkema, net botte freonlik.
‘Ik moat de sjef-fjildwachter ha,’ seit Eabele.
‘Foar in permisje om te suteljen fansels. Ha jo wol hannel?’
‘Ik wol net sutelje. Ik wol my oanjaan. Ik bin in dief.’
No sjogge Lamey en krûme Loadewyk ek fan har wurk op. In nuver spul, in dief dy't him oanjout.
‘Yn maart bin ik útnaaid, doe't ik hjir efter opsletten wurde soe. Mar no kom ik werom; bûten te ferkearen is tsjintwurdich gjin dwaan gelyk.’
Ja, ja, Eabele is lytsman; men soe meilijen mei him krije.
Mar âlde Jaap hat gjin meilijen. Eabele rûkt net sa botte lekker; hy wol him wol fan it kantoar ôf hawwe.
‘Soa, binne jo in dief? No, de sjef sil daliks wol komme; wachtsje bûten mar even.’
Bûten wachtsje yn 'e rein? De kriich is wol wat út Eabele wei en hy is ek gau ree om te dwaan wat de minsken sizze, mar dit is him dochs stoefernôch.
‘Dan hie ik my net oanjaan hoegd,’ boarst er út, ‘ik sykje krekt in plak dêr't ik droech bliuwe kin. Ik haw myn nocht fan dat ivige reinwetter.’
In bytsje bekaam fertelt hy der efteroan, dat er fan doel west hie, Abbingawâldster merk ôf te wachtsjen, dêr syn sinten der troch te bringen en dan nei de polysje te gean. Mar syn sinten binne al lang op en sok damp en striemin waar, dêr hâldt in fatsoenlik minske it net yn út.
Jaap Lolkema sjocht Steggerda oan en dy seit, dat Eabele wol nei de wachtkeamer gean kin. Hy skellet de konsjerzje al.
Lammers liket mei dizze gast ek al net folle op te hawwen, mar syn gesicht klearret op, as Steggerda foar de man op syn kosten kofje en koeke bestelt. Steggerda is net sa'n slimme keardel.