rinne en har efter de rêch útlaitsje. Aaklik folk, dy Abbingawâldsters! Mar ja, wêr sil hja oars hinne? Hja hat hjir en dêr wol wat famylje wenjen, mar wit skoan dat hja dêr net wolkom is.
Nei hûs ta; dat is it iennichste wat der op sit. Lokkich is it tsjuster, as hja thúskomt.
Yn de trein hat Saapke Berga de eagen ticht, mar hja sliept net. Oant no ta hat hja noch altiten oan de takomst, har takomst, leaud. Lykwols, hjoed is der wat yn har brutsen; in fear is knapt en kin net wer opwûn wurde. Saapke Berga tinkt oan it ferline; oan har lulke mem, dêr't hja wol wat fan hawwe moat, en oan har heale ferkearing mei master Walinga. No kin hja der net by, dat hja dy man sa nuver behannele hat. Hja hie in man hawwe kind; no sit hja mei harsels, in frou sûnder doel, en mei har heit, dy't net los betroud is.
It libben is wreed, wis; mar foar it earst giet it har troch de holle, dat alles faaks wat oars west hie, as hjasels wat oars west hie. De minsken meie har net lije; mar soe hja it der net wat nei makke hawwe?
Sa prakkesearret Saapke Berga; fleurige tinzen binne it net en hja moat har bûsdoek sa altemets noch wol brûke.
Wibren Berga hellet har fan de lêste tram. It is ljochtmoanne, mar de loft is berûn en it dript út de kastanjebeammen. It wol noch altiten net rjocht mei it waar.
‘No, hoe is 't?’ freget Wibren.
‘Sakke,’ seit Saapke Berga, en hja gûlt net; har heit is net immen yn waans selskip men skriemt.
Wibren is wat ferheard. Hy hie der fêst op rekkene dat it diskear goedkaam.
‘Dat is, dat is...’; hy fynt earst gjin wurden.
Saapke ferwachtet, dat er har bekleie sil en faaks hie hja har dan dochs net goedhâlde kinnen.
Lykwols, Wibren bliuwt Wibren.
‘Dat is sûnde fan it jild,’ seit er nei inkelde amerijen, en dan hawwe syn dochter en hy net safolle mear te bepraten.
Op wei nei hûs begjint Wibren Berga oer dominy Douwes