‘Jo hawwe alles al in sint goedkeaper,’ seit er, en dan moat er prúste, trije kear efter mekoar. Hy wurdt der read fan om 'e nolle; ‘trije dagen moai waar,’ himet er, en, wer wat bekaam, seit hy der oerhinne: ‘Wie it mar sa, dan waard it my faaks wat rommer te moede.’
Freule Valéry de Charleville hat rêstich wachte; hja lit har net fan har sjapiter bringe. Dan freget hja Hylke Berga wat him tinkt fan in koarting fan fyftjin persint.
De bakker skoddet ferheftich fan nee. Hy brûkt goede spullen: bûter, aaien, hunich, sûker; as hy yn syn guod bargefet, sacharine en soksoarte grûnstoffen die, koed er ek wol goedkeaper, mar dat wol er net. En hy is op 't lêst bakker en gjin filantroop. As de freule oars gaadliker kin, moat hja it mar dwaan.
Sa praat Hylke Berga en de hillige Veronica sjocht wol, dat dit petear gjin fertuten docht foar har. Hja wol noch alris omsjen, seit hja; it binne minne tiden.
‘Ik haw ek in foech fjouwerhûndert gûne mei notaris syn fallyt ferspile,’ seit Hylke Berga mei in sneu gesicht, mar dat is mar sabeare, want hy wit skoan, dat er dizze lytse slach al wer wûn hat.
De freule lûkt fâlden yn 'e foarholle.
‘Mar de krisis, Berga, de krisis...’
Hylke Berga giet oerein. Beleaven gjin gepraat oer de krisis.
‘Nim my net kwea-ôf; ik haw it hjoed nochal drok.’
As er fuortgean wol, freget de hillige Veronica him, wat er tinkt fan de nije kantonrjochter.
‘Och, it moat net sa'n minne fint wêze,’ mient de bakker.
‘Mar in aristokraat is it net.’
‘O nee? Hoe dan?’ Dêr wol Hylke Berga dochs wol wat mear fan witte.
De freule komt tichte by him. Hja praat tige sêft.
‘Hy klaait him midden yn it lân út en krûpt dan yn it Boeredjip. Twa fan de dames hjirwei hawwe dat ienkear observearre. Hja kamen alhielendal oerstjoer thús. En dat foar in kantonrjochter! Soks kin dochs gjin kant út!’
No moat Hylke Berga dochs wat gnize; hy kin it net litte. ‘Ha, ha, dan hiene se har mar omdraaie moatten.’