net sa tjirgje moat; dat is no ienris in domme keardel. Mar soene hja iepentlik foar sa'n miening útkomme doare?
In wykmannich der út; dan kin men wer wat ta jinsels komme. Der is trouwens noch in oare reden foar dominy, om in pear wiken yn retraite te gean. It sit sa: Krysttyd hawwe de lju út dat Grinslânsk plak by him yn 'e tsjerke west. Hy hie der sûnt neat wer fan heard, mar in dei of wat lyn krige er in brief fan de neef fan sines dêrwei, dêr't him yn frege waard, wat er tocht fan in berop. Har dominy giet der mei augustus út en de tsjerkerie woe him einliken wol hawwe; mar fansels, as er dochs fan doel is it ôf te stegerjen, dan begjint men der leaver net oan.
Wer in kâns dus, en dominy Douwes Dekker hat daliks weromskreaun, dat er yn ‘prinsipe’ der wol foar fielt, in berop oan te nimmen. In slach om 'e earmtakke moast er wol hâlde; op dat oare Grinslânske plak hied er fan tefoaren ek al yn ‘prinsipe’ oannaam, en letter moast er dochs noch betankje. Mar as it berop komt en hy is net te Abbingawâld, dan is er frijer yn syn dwaan en litten. Dan hat er daliks gjin gejeuzel om 'e holle en as er it ienkear oannaam hat, wêrom soene de lju der dan oer neipleitsje?
Alhielendal suver is dominy Douwes Dekker's gewisse net. Kin er it foar de gemeente en de ring ferantwurdzje? Mei er it dwaan? Mar sels in dominy hat der wolris oan, arguminten en ferlechjes útmekoar te hâlden, as er earne sin oan hat. Dominy Douwes Dekker hat syn nocht fan Abbingawâld. Hoe kin men jinsels jaan oan minsken, dy't men sêd is en dy't jin ek net mear betrouwe? Och, hy is sa ferslein, dominy Douwes Dekker, fanwegen de wurden fan boargemaster Suringa, en miskien tagelyk ek wol in bytsje bliid, om't se de bannen, dy't him oan Abbingawâld bine, yn ien hoart safolle losser makke hawwe.
Dat hat siktaris Jelles wol field; dêrfandinne, dat er it boargemaster sa dúdlik en gnap sein hat.
It needlot giet syn gong; neat kin it mear keare. As in deimannich, neidat de famylje Douwes Dekker fuort is, de tynge fan dominy's berop yn 'e kranten stiet, wit nimmen wêr't er sit. Hy hat gjin adres efterlitten. Somliken sizze, dat de famylje op it