Trystich is it ek yn it hert fan de oars altiten sa fleurige Lamey. It gefal mei Froukje is him it meast yn 'e wei, mar dat hy it ‘fersin’ fan boargemaster Suringa op 'e lânstoarmdei op 'e skuld kriget, sjoch, dat sit him ek dwers. Boargemaster hie dy taspraak al fjir-tjin dagen fan tefoaren; as der dingen yn stiene, dy't him net noasken, hied er dy der ommers wol tsienris úthelje kinnen. Mar ja, earst mei in oar syn fearren pronkje en dan, as der praat fan komt, dy oare ferwite, dat it mei syn fearren net doogde, dêr ha je no krekt boargemaster Suringa. Wis, boargemaster sit no mei dominy en in protte oare lju yn tsjok waar, mar dan hied er mar net sa dorn wêze moatten, dy taspraak oan in kranteman te jaan.
Lamey wol hjir wol wei. Hy hat it te Abbingawâld in jiermannich tige nei 't sin hân, mar no hat er ynienen fan alles syn nocht ôf krige. Freonen hat er amper; syn faam makket it út, syn baas seit him it mannewaar op as is er de grutste domkop, dy't der omrint; dan wol men wol feroarje. Syn heit, de generaal, hat konneksjes genôch, dy kin him wol oan in oar baantsje helpe.
Hy fielt him no tige iensum tusken de hege beammen en de minsken, dy't him net fersteane. Hy hat nea net folle hâldfêst hân; no hat er neat mear, dat him wat stipe en wat fêstichheid jout. De wolken driuwe leech boppe Abbingawâld en it dript fan de tûken en soms tinkt Lamey, dat er opsletten is tusken griene muorren.
Alle jûnen hast sit er by Jan Berga, dêr't er faak wat oanhâld hat oan in ferreinde simmergast. Hy biljertet wat, en brûkt wer mear drank as er dien hat. Op in jûn komt him op strjitte in man temjitte, dy't er foar master Walinga ferslyt. Lamey begjint him yn alle talen út te skelden: hy is in leffert en in bangeskiter, wêrom by heech en by leech hat er gjin antwurd stjoerd op dy brief oer dat duel? Hy biedt oan, him de harsens yn te slaan. Lamey seit noch folle mear en hâldt him earst stil, as de sjef-fjildwachter komt en him freget, wat er op mynhear Wessels tsjin hat. De sjef bringt him ek mar even nei hûs; efter harren, yn it tsjuster, beart mynhear Wessels, wylst de izeren punt fan syn stôk op 'e stiennen slacht.
De oare deis seit boargemaster Suringa ek, dat it mar it bêste is, dat er sollisitearret. De sjef hat him fansels alles ferteld.