De tsjûge lûkt oan 'e skouders. Hy wit it net, seit er. Hy is sels amper fiifentritich jier.
It is wol in aardich antwurd; lykwols, it stiet de kantonrjochter net bjuster oan. De tsjûge moat him fertelle, hoe lang't er al oppasser is. ‘In jier of fiif,’ seit dy, mar Anske Wibes, dy't op syn iepenst is, ferbettert him daliks, dat er al mear as sân jier lyn it baantsje fan syn heit oerkrige hat.
‘Is 't al wer sa lang lyn?’ De tsjûge docht tige ferheard. De kantonrjochter hat him no wol sawat sketten. Hy fynt it wat frjemd, dat er no foar it earst yn al dy sân jier Anske Wibes proses makke hat.
‘Och, der binne betûfte lju, dy't men hast nea kriget,’ praat de tsjûge; no ja, hy wol oars gjin kwea fan Anske Wibes sizze.
‘Ja, ik bin sa betûft, dat dû woest altiten graach mei my op en út yn de aaisikerstiid,’ fernijt Anske Wibes. ‘Doe wie ik ticht genôch by dy, soe 'k sizze.’
De griffier en de amtner fan it O.M. hawwe wol nocht oan dit saakje. It is wer ris wat oars. Laerman baron Tinnegieter hie sa'n Anske Wibes al lang stil hân; dy rjochte rêd en sûnder moderaasje oer streupers en aaisikers en liet har amper oan it wurd. Der is dochs wat feroare.
De kantonrjochter seit, dat Anske Wibes sa daliks wer gelegenheid kriget, om te sizzen wat er op it hert hat. Mar hy hat him dochs útprate litten en de oppasser moat no mar ris útlizze, wêrom Anske Wibes foarhinne wol yn 'e grienlânen aaisykje mocht en no net mear.
Dat is in fraach op 'e man ôf; no kin de man der net mear foarwei.
‘Men hat it op 't lêst ek net foar it sizzen; men hat jins ynstruksjes.’
‘Krekt, dêr ha je 't,’ ropt Anske Wibes, ‘no komt it út.’
De tsjûge kin dan sitten gean en Anske Wibes fertelt mynhear Van Heuvel, dat er nea warskôge is; om sa te sizzen juster noch mei de oppasser op 'en paad en hjoed op 'e bon; sjedêr, it is allegearre raar wat der oan is.