minsken sûnder jild, mar mei nocht oan it libben. De fjildwachters krije kâlde limonade yn teekoppen; goed drinken yn sa'n lije nacht. In taartsje moatte hja ek noch ite, ear't hja fuortgeane. Sokke dingen ferbiedt har ynstruksje wol, mar fjildwachters binne ek mar minsken.
Hja sette op hûs yn, as it al wer read wurdt boppe de bosken. Op healwei fjouweren is har tsjinst ôfrûn en hja hiene grif wol om dy tiid thús west, as hja net noch in aventoer belibbe hiene. Want by de state hearre hja om help roppen; net dúdlik, mar yn de stille moarn dochs dúdlikernôch. Hja sette de fytsen tsjin in beam oan en drave de leane del. Klaas Sietema sjocht dan, dat immen oan 'e mul ta yn de fiver stiet. It is in frjemd gefal, mar hja dogge wat hja dwaan moatte: twaresom lûke hja de man op 'e wâl. Hja rûke no ek de Sterke lucht fan alkohol.
De ryksfjildwachter lit it ljocht fan syn dievelantearne op it gesicht fan de man skine en dan wurde hja tige kel: it is mynhear Loman Hoextra sels. En sjoch, dêr begjint er ek noch te skriemen. ‘Bring my nei hûs ta,’ snokkert er.
As hja oan 'e efterdoar rattelje, klinkt oan 'e binnenkant it brommen fan in pear hûnen. In âlde húsbewarder docht iepen. ‘Is 't wer sa?’ seit er en hy skodhollet. In griis wyfke, syn frou, komt der dan ek by.
De man bringt mynhear Loman Hoextra teplak; ûnderwilens fertelt de frou de fjildwachters, dat soks wolris faker bard is. Mynhear hat dan wat te folle hân en mient, dat er him fersûpe wol. Mar as er it frisse wetter fielt, wurdt er bang en begjint om help te roppen. ‘Ja, ja, sinten bringe net altiten gelok,’ seit it wyfke.
Oer dizze wurden moat Klaas Sietema prakkesearje, as hja nei hûs fytse. Hoe fleurich gyng it om en ta by dat komelkerke. En yn syn eigen húshâlding komt it net royaal om, beleaven net, mar der is frede en harmonije; en hy fielt, dat er net mei mynhear Loman Hoextra ruilje woe.
Om't er ferantwurde wêze wol, skriuwt er de oare deis in rapportsje oer it trelit mei mynhear Loman Hoextra.