swiere buoi en it folk stiet te'n earsten noch wol aardich droech ûnder de bûkelbeammen. Mar as der mear flappen komme, begjint it al gau moai te lekken en letter, as de wyn ek noch oanhellet en de beammen harsels skodzje as wiete hûnen, begjint de flecht út it bûkelhôf. De koaren reine fan it poadium, de sjuery reint út har tintsje, alles siket in ûnderkommen. It feest wurdt dan ferpleatst nei de seal fan Jan Berga, mar dêr kinne alle minsken lang net yn. Dan sykje de measten al gau wer de autobussen op, dêr't se teminsten droech yn sitte kinne, en ier op 'e middei al begjint de úttocht; wat hawwe se, wiet en ûngedien dat hja binne, langer yn Abbingawâld te ferstriken? Party lju hawwe noch net ien toan songen en ek gjin sin om te sjongen. As safolle koaren útpike, jout de sjuery op Jan Berga's seal it ek oer; it is in misse, ferreinde dei.
Wat wiete papieren fan bôle en koeke en wat lege suertsjepûdsjes bliuwe efter yn it bûkelhôf, dêr't de jûns in ferneamd orkest in konsert jaan soe; mar dat giet no fansels ek net troch.
Och, wat hawwe de winkellju it slim. Sa'n sjongersfeest wie oars altiten in fleurich barren; it jongfolk plichte net sunich te wêzen en it stiek net sa nau, wat men op sa'n dei kwytrekke oan iterij en sûvenirs. Mar lju dy't middeis al op hûs yn sette, wurdt net folle oan fertsjinne; en de winkeis bliuwe hast mei alles sitten.
Sa falt augustus, en mannichiens' fakânsje, yn it wetter. Noch nea hast hat it Boeredjip sa heech stien om dizze tiid. Oars kin men simmerdei faak net sjen hokker kant it wetter útstreamt; no giet it mei faasje it westen yn. Dead hout en ferkaam hea driuwt der yn en op 'e hoeken sjocht men lytse draaikûlen.
As it waar net al te min liket, set mynhear Loman Hoextra mei hege learzens oan, in tas op 'e side en in gewear op 'e rêch hingjend, de grienlânen en de heide yn, dêr't er de earste einen sjit. Hy is in betûfte jager.