skurfste dingen; de goede hâldt hja. Dat is net sa moai fan Saapke Berga en de karrider Anske Wibes, dy't it putsje opknappe moat, skodhollet ek wol in bytsje, as er mei de wrakke boel ûnderweis is. It binne in blomtafeltsje, in pianokrukje en noch in pear fan soksoarte dingen. It glêdpolitoerde teemeubel is der net by en allikemin it naaitafeltsje en de moaie faas, en ek de djoere pendule kin Saapke net fan ôfsjen, alhoewol't hja dy likegoed oan de goeder-jouskens fan master Walinga te tankjen hat.
‘Hjir wie wat fan juffer Berga,’ seit Anske Wibes, wylst er in prûmke út syn doaze nimt. ‘Dat spul moast ik jo bringe.’ Mear seit er net; hy hat in skelling bard foar it putsje en kin syn klanten min berabje.
Master Walinga kriget earst in kaam en wurdt dan wat wyt om 'e holle; oft Anske Wibes noch in reis makket, freget er dan. Nee, dit is alles, seit Anske Wibes, en flibet oer 'e strjitte.
Dan seit master Walinga in flokwurd, it earste dat Anske Wibes fan him heart. Mar de karrider feroaret him net; hy tôget de dingen efter yn it skuorke en set dan ôf; sokke kreweikes der tuskentroch hat er wol mear en dat is in moaie ynstruiïng.
As Froukje fan it gefal heart, wurdt hja breinroer. Hja stelt út de dingen yn in boelguod te dwaan en der dan yn de krante by sette te litten: ‘Afkomstig uit de inventaris van den Weled. Heer W. Berga’; master lykwols, dy't wat guodliker is, achtet it mar it bêste, alhielendal neat te dwaan. Sok lyts gedoch kin men better oan oaren oerlitte, seit er, en by einbeslút is Froukje it ek wol mei him iens. Hja hâldt har lykwols net stil oer wat der bard is en sa giet it ferhaal dochs de buorren oer.
By de brieven dy't op 'e kaarten en it advertinsje komme, is ek ien dêr't gjin lokwinsk, mar in nuvere útnoeging yn stiet. Master wurdt ferge op in ‘duel op sabel’, en de skriuwer hopet, dat er genôch koeraazje hat om him dêr net foarwei te winen. Wat moat men no fan sokke kluchten tinke? As master Walinga wat mear humor hân hie, hied er grif om dizze brief lake en der faaks in komyk antwurd op jûn. No lykwols wit er net, oft hy der mei nei de polysje moat of dat er him ferskuorre sil.