Fansels, sa bretaal is Wibren Berga net, dat er wat fan in tún naderje soe dêr't oaren by binne. Jûns, as de minsken thús binne of moarns ier makket er syn streuptochten. Hy kriget de woarteltsjes net, tinkt Dillema... ferdeald, Wibren Berga sil se net ha, al moat er hjir ek de hiele nacht by oppasse.
De reed, dêr't de túntsjes oan lizze, rint dea tsjin in izeren stek, dêr't in stik ferbeane bosk efter leit. Men kin gjin sydpaad yngean, der is mar ien paad hinne en werom: de reed sels.
De jûns kuieret Wibren Berga de reed op; mar as er de holle omdraait, sjocht er, dat Dillema efter him oan komt. Wibren pandert stadich troch, oant er by it izeren stek is, en giet dan werom. De loft is berûn; de sinne sil sa likernôch yn 't ûndergean wêze. Dillema stiet dan op 'e hoeke fan 'e reed mei immen te praten.
It wurdt al wat tsjuster, as Wibren Berga nochris wer de kant fan it izeren stek út set. Syn oertsjûging, dat Dillema aansens wol nei hûs stekke sil, is reedlikernôch; alle minsken geane jûns op bêd, teminsten yn Abbingawâld. Mar as er wer by de túntsjes is, sjocht er de skym fan Dillema yn de hjeljûn noch by de yngong fan de reed.
Wibren Berga fynt dat wol wat lêstich; woarteltsjes kin men net sa goed ûnder de jas stopje. Dochs noch mar even wachtsje. As er wer by it izeren stek is, is der yn 'e bosk sawat neat mear te sjen. Wibren wurdt tige kel, as er ynienen wat efter him risseljen heart; it is lykwols mar in knyn, waans wippend wyt sturtsje er noch krekt yn de ûnderwâl ferdwinen sjocht.
In moai setsje bliuwt Wibren Berga tsjin it stek oan stean. It is in bytsje ljochtmoanne en hy kin it paad noch wol sjen, as er foar de tredde kear weromset. De klok slacht alve. Nee, mar no wurdt it dochs wat al te mâl, Dillema stiet der noch. Wat bemaalt sa'n keardel! Wibren Berga begrypt der neat fan, mar syn geduld is te'n ein. It moat wat oars as er tocht hie, mar de woarteltsjes sil er ha!
Om ien oere yn de nacht begjint Dillema syn nocht fan it wachtsjen te krijen. Wêr soe dy âld sik bliuwe? Hy panderet de reed op, mar der is gjin minske te sjen. Wol sjocht er, dat immen ta syn woarteltsjes west hat.