dat de muzyk der goed en helder út komt. Ienkear nimt er sels de stôk fan de grutte tromme en it bekken fan de tromslagger oer en set der in tempo yn, dat Hessel de Boer syn piston begjint te stroffeljen en de tuba in pear maten efteroprekket.
Boargemaster Suringa is de earste sprekker. Hy liket wat senuweftich, as er by it treppentsje opstapt; hy sjocht wyld om him hinne en skuort tagelyk yn syn jasbûsen om, dêr't syn taspraak sitte moat. It is in kreas typt stik papier, mar boargemaster Suringa hat it amper lêzen; hy wie bang, dat it him noch net foldwaan soe en him tocht, dat er al argewaasje genôch hân hie. Ja, ja, dan wurdt men op 't lêst wat fatalistysk; dan moat it mar komme sa't it komme wol.
Lamey hat de taspraak ynmekoar set út wat er út boargemaster syn klâde wiiswurde koe en wat hy der sels by optocht hat. Och, it stik sit net sa min ynmekoar. Lamey hat wol ferstân fan soks. Wês wekker, hâld de eagen iepen, stiet deryn; want de revolúsjegeast hat ienkear wol belies jaan moatten, mar is net útroege. De fijân is der noch; wa't de eagen en earen iepen hat, fernimt it iderkear wer. Hy is snoad en liep, dizze fijân; hy seit moaie wurden en docht as hat er hege idealen en it komt mear as ienkear foar, dat er mei syn fluensk gedoch goedwollende lju ferbjustert en yn 'e pet lûkt. Mar, stiet der op it papier, hear nei myn sizzen: sokke lju binne ek fijannen en hearre as fijannen behannele te wurden. Sêfte dokters meitsje stjonkende wûnen, ek yn dit gefal.
Boargemaster Suringa lêst sa't it der stiet, en wilens dat er sprekt, wurdt er kalmer. Him tinkt, it is dochs noch wol in aardige taspraak. Oan 'e ein krije de lânstoarmers tige plomkes; dy minsken hawwe ús lân rêden en sille it wer rêde, as it nedich is.
Ja, boargemaster Suringa is wol tefreden, mar by de fanfare ‘Apollo’ binne lju dy har troanjes steane mar frijwat skealik. Wat boargemaster dêr sakrekt sei, dat sloech fansels op dominy. Wêrom moast dat no sa raar? Sa'n muoite hat men hân om dy man hjir te hâlden; op dizze manear is alles faaks wer bedoarn. Hja witte net, dat boargemaster der yn dizze amerij noch gjin