Mar nee, der is noch neat op kaam, fertelt dominy; taal noch teken hat er krige oant no ta. ‘De Haachske mûnen meale stadich, Berga.’
‘It is in griis,’ tinkt Hylke Berga, ‘men soe dochs hoopje, dat der antwurd komt, ear't notaris syn tiid útsitten hat.’
Hja rinne in hiel skoft petearjend ûnder de rjochtknipte line-beammen. Hylke Berga fertelt fan de trettjin en in heal persint en rekkenet nochris wer út, dat der by notaris sawat gjin tekoart west hawwe moat. Mar dat is dominy samar net mei him iens. In kurator is in kurator, seit er, en gjin dief; men mei net oannimme, dat sa'n man út in fallyt himsels op in skandalige manear ferriket. Hylke Berga lykwols ropt, dat se him net fan advokaten prate moatte; dat naasje achtet hy ta alles yn steat.
‘Soe der net in deputaasje nei Den Haach kinne?’ freget dominy op 't lêst.
‘Dat wie wol wat,’ seit Hylke Berga, mar dan betinkt er, dat sa'n reis jild kostet, en wa moat dat opbringe? Men kin fan de lju, dy't dochs al skea hân hawwe, einliken net freegje, dat hja op eigen kosten nei Hollân tsjogge, om foar notaris te pleitsjen. Dêrom seit hy der efteroan, dat hysels min út de bakkerij kin; mar der moatte ek lju hinne fan wat gesach, dominy bygelyks en boargemaster Suringa.
Dominy Douwes lykwols fielt mear foar in deputaasje út alle dielen fan de boargerij; in man of fiif en nei syn betinken moat Hylke Berga ien fan harren wêze.
Hylke Berga begjint dan oer in komitee, in notariskomitee, dat der einliken komme moat. As der dan kosten op 'e aksje komme, kin men dy meimankoarren betelje.
Al wer in nij ding, om der oer te praten; hja sette dan mar nei it bûkelhôf efter de fundaasje, om't de minsken har net iderkear sa hinne en wer rinnen hoege te sjen. Dêre, ûnder de hege beammen, komme hja ta in útdragen saak; hja wurde it iens oer de leden fan it komitee, oer de sinten en oer de deputaasje, dy't nei Den Haach sil. Dominy Douwes Dekker nimt op him, de middeis alles mei boargemaster Suringa te ferpraten.