Soa net? De hear J.P. van Heuvel liket wat ferheard. Is it dêre smoarch of ûndjip of ferbean faaks?
No nee, fan datoangeande binne der gjin beswieren, seit Jan Berga; mar dat útklaaien fan grutte minsken yn it frije fjild; hawar, mynhear begrypt it sels wol.
Mar dêr is er mis mei; de hear J.P. van Heuvel begrypt it net. Soks bart oan it strân dochs ek, seit er, en dêr sjocht nimmen der wat yn; wêrom soe it hjir dan net kinne?
Fan dy kant hat Jan Berga it noch net besjoen, mar hy is samar ree, de hear J.P. van Heuvel gelyk te jaan. It is ek sa; der koe einliken folle mear swommen wurde yn it Boeredjip. Op 'e hoeken yn 'e kolkjes is de grûn hurd, en it is djip genôch om mar taswimme te kinnen.
Twa dagen letter fertelt mynhear Van Heuvel al, dat er mei notaris Benedictus te swimmen west hat. It hat him bêst foldien, mar botte rom is it dochs net yn sa'n hoeke fan it Boeredjip en der koe ek wol wat mear wetter stean.
‘Soa, mei notaris Benedictus,’ fernuvert Jan Berga him; dat dy stive keardel samar mei woe! As in oarenien as de kantonrjochter it him frege hie, hied er it grif net dien. Hawar, it is better sa. - Dy dingen seit er fansels net tsjin de hear J.P. van Heuvel, dy tige praatsk is en ornearret, dat hjir bêst in swimynrjochting bestean koe; sa'n stikje Boeredjip kin men maklik wat útgrave en dan hoege der op 'e kant allinne noch mar wat hokjes foar it út- en oanklaaien.
‘Dêr seit mynhear sawat,’ antwurdet Jan Berga, wylst er knikt; dy blinder, dat liket net sa raar. Ek in attraksje foar de gasten; it soe moai wêze, as er yn syn prospekty sette koe, dat op in distânsje fan twa kilometer in natuerbad leit.
Hy freget, oft mynhear der wurk fan meitsje wol; hy wol de aksje graach stypje. Lykwols, de hear J.P. van Heuvel wol net oer ien nacht iis gean. Ris sjen, seit er, oft der belangstelling foar is. Hy is hjir mar krekt en ken de lju amper of hielendal net. Mar notaris Benedictus fielt der ek tige foar.
‘It is dochs net sa'n minne keardel, dy mynhear Van Heuvel,’ seit Jan Berga letter tsjin Hylke. ‘Ik leau, hy wol wat foar it doarp dwaan.’