galle troch dat piipjen en galmjen. As hja dat diploma kriget, kinne se elke frosk ek wol ien jaan, seit Dillema tsjin syn klanten; dat is gjin sjongen, dat is gûlen en bearen en kriten.
Underwiles reizget master Walinga eltse snein nei de Geasten. Hy hat der gjin euvelmoed yn, dat Lamey syn sabel skuorret om him en dat Saapke Berga mei om him de hiele dei oan it galmjen is. Hy is mar in ienfâldich mantsje mei net sa hiel folle sielkundich ynsjoch; hy wit allinne, dat er in faam nei syn sin fûn hat en al it oare giet yn dizze snuorje in bytsje by him lâns. Saapke Berga besiket er net te moetsjen; bangens! Mar Lamey nimt er freonlik syn huodsje foar ôf; hy hat der gjin erch yn, dat dy wat op him tsjin hat.
Lamey sels wit trouwens noch lang net, wat er sil. It leit him allinne by, dat, as er him tige op skermjen útleit, hy master Walinga der op 'n doer wer by Froukje útskermje kin; hoe en wat soe er lykwols nimmen sizze kinne. As de sabel glêd is, hearre syn kostlju him tige oangean op 'e souder; it liket derop, as is er oan 't dûnsjen en springen. Hja ornearje, dat er yndiaantsjeboartet; men kriget nea hichte fan dy fint. Mar as de lampen stikken reitsje, sil er se betelje!
Wat Saapke Berga oanbelanget, dy is it derom te dwaan, de wrâld yn it algemien en master Walinga yn it bysûnder te ferbjusterjen. Om dy brief hat hja fan lulkens gûld; no ja, nachts op bêd, nimmen hat it sjoen. En no moat en sil hja dat diploma hawwe. Hja wol in sjongeres wurde, in grutte sjongeres, dy't fan eltsenien bewûndere wurdt. Rûnom wol hja konserten jaan en yn de kranten sille dan stikken oer har stean: de keunstenares Saapke Berga. No laitsje se om har yn Abbingawâld; hja fernimt it skoan, dat se wille om har hawwe en master Walinga gelyk jouwe. Mar letter, dan laket hja om 'e Abbingawâldsters en dan sil master Walinga wol spyt hawwe fan dy brief. Lykwols, dan is it te let.
Tichtoan de tritich jier is Saapke Berga; hja is wat spjochtich en de bril, dy't hja op hat, makket har der net moaier op. Goed, dat hja nimmen seit, wat yn har omgiet. As hja foar de piano sit en sjongt, mei hja graach it finster in bytsje iepen hawwe; dan klinkt it better, tinkt hja.