noch nea west. It doarp leit oan syn fuotten, wat reade dakken sjocht er skimerjen troch it grien; dat is alles.
De sinne stiet al heech boppe de bosken, dy't nei it easten op in weagjende griene see lykje; dit kin in waarme dei wurde! Hoitema fynt de belvedêre ek in ûnding, mar hjir boppe falt it him net ôf. Sjoch, dêr is fansels de heide; wat liket dy no tichteby! Yn de grienlânen binne se oan it ûngetiidzjen; ja, dêr is it waar foar. De beide wite brechjes oer it Boeredjip sjocht de skilder Hoitema ek. Mar dat is allegearre sa lyts, dat kin men dochs net skilderje!
De skilder Hoitema freget him ôf, wat de Frânsken, de gratte Frânsken, fan sokssawat makke hawwe soene. Hy docht de eagen ticht, mar it slagget him net, him dêr in foarstelling fan te meitsjen. Nee, hy moat der sels sjen út te kommen, de skilder Hoitema; syn eigen eagen moat er brûke en syn eigen hert moat er sprekke litte. De lêste wiken trouwens is er al dwaande, skilderjend wer himsels te wurden. Hy hat hurd oan it wurk west foar syn tetoanstelling te Ljouwert yn july, mar it gyng him yn 't earstoan net sa goed ôf. Earst doe't efter Monet, Renoir en Cézanne, Hoitema sels wer om 'e hoeke kipe, waard it better. Hy hie earst tocht, dat syn Paryske stikken haadsaak wurde soene op 'e tetoanstelling; no lykwols begjint er der al oer te prakkesearjen, se in bytsje efterôf te setten. No ja, dy swartkryttekeningen fan de brêgen oer de Seine en fan Montmartre, dy kinne wol meunsterje, mar it oare, dêr is er net sa grutsk mear op as in wykmannich lyn.
Der moat noch in protte barre; hy moat noch hiel wat út 'e wei sette. De skilder Hoitema wurdt even kel, as er dat betinkt, wylst er op syn stuoltsje op Jan Berga's belvedêre sit. Dochs kin er der net ta komme, te begjinnen.
De himel stiet wiid en blau boppe de lânsdouwe. De skilder Hoitema sjocht no de oare kant út, dêr't it lân neigeraden flak en keal wurdt. Fiersicht hat er net, merkbyt er no; de kirnen binne blaueftich. Dat kriget men, wannear't it simmer wurdt; yn 'e maaityd is it troch de regel folle klearder.
Moai is it hjir, sa fier fan it rabjen fan de minsken, sa heech boppe it stof en sa tichte by de wyn en de sinne.