as Apollo in kear of wat by him foar in konsertsje jaan wol.
Under de beammen foar de state wurde om dizze tiid hinne tafels en stuollen reeset; de muzikanten moatte strak al even sitte kinne. Foar mefrou sels en har dochters wurdt meubilêr nei de haadyngong brocht, dêr't it goed wêzen is ûnder de hege pilaren.
Oer it tún strielet de lette sinne en yn de parken bloeie de earste roazen. De einen sitte al mei de kop yn 'e fearren oan 'e kant fan de fiver by de dyk, mar heech yn 'e loft fleane noch, fyn piipjend, de swarte swellen en altemets heart men ek it swiere balten fan de bolle by de slotpleats, dy't fierderop ûnder de beammen beskûle leit.
Dêr't it sinneljocht op 'e beammen leit, ljochtsje dy dûnkergrien op: de maaitydskleur is fuort. De wolken sitte yn streken oan 'e loft; hja binne wyt en komme út it súdeasten. Der tuskenyn binne bannen djipblau. Sa is 't dochs noch in moaie jûn wurden; en mylder is it ek as it west hat. De minne rite is foarby; de simmer, de wiere simmer, stiet foar de doar.
Lomme Berga strúnt wat om 'e state hinne. Hy wit krekt, wat er dwaan moat: oeral in eachje yn 't seil hâlde, aansens de muzikanten teplak sette en him dochs net te folle sjen litte. Sa foar it each hat er net folle yn te bringen en dat begeart er ek net; mar efter de skermen hat er no al folle mear te sizzen as mynhear. In lulk wurd of in snau skoddet Lomme Berga fan him ôf as in hûn de wetterdrippen; hja dogge him net sear. Hy hat daliks wol field, dat mefrou tige bliid is, immen te hawwen, dêr't hja alles tsjin sizze kin en dy't hja ek yn alles betrouwe kin. Dat hja him net ken, as der gasten binne, dat lit Lomme Berga sa kâld as in stien. Hy stribbet net nei macht en hearlikheid; wat stille ynfloed, sûnder dat hy der sels in sprút better fan wurdt, is him genôch. Nee, hja jouwe him net dien, dat wit er skoan. Ankom jier komt der wer in pleats frij; hy wit wol immen, dy't er dêr graach op hawwe wol. Mei koarten sil er dêr ris foarsichtich mei mefrou oer prate.
Hark, is dêr de tromme net? Dêr sil it muzyk wol oankomme.
Dan ferskynt mynhear ek nêst it hûs. Lomme Berga nimt earbiedich de hoed ôf.