wurdenarsenaal; hy hat net om 'e nocht ofsier west. No koed er al dy wurden brûke - as er tiid genôch hie. Mar fiif minuten, dat kin gjin kant út.
Nee, boargemaster Suringa skriuwt it net nochris oer. It moat sa mar goed wêze. Hy nimt it stik papier fan syn buro en hâldt it foar him, wylst er yn 'e keamer hinne en wer rint. Hy preuvelt earst wat er sizze sil, mar op 't lêst bliuwt er foar de spegel stean, sykhellet djip, en ropt dan: ‘Dat zijn dan die kerels van stavast, die pal stonden op het ogenblik, dat het revolutiespook ons wilde besluipen. Hou en trouw aan het vaderland, stond in hun wapenschild geschreven...’, ho, wat stiet dêr ek wer? Boargemaster kin syn eigen skrift net lêze. Hy heart no ek, dat immen yn 'e gong omrint. Soe dy wat heard hawwe?
In hoartsje letter komt Steggerda der yn; hy moat in hantekening ûnder in haastbrief hawwe. Steggerda sjocht tige earnstich, mar dat docht er, om't er bang is, oars it gnizen net litte te kinnen. Hy hat de doar iepen hân, wylst boargemaster oan it rippetearen wie, en him doe mar gau wer tichtdien; op 'e gong hat er even wachte, oant syn baas en hysels in bytsje bekaam wiene.
Boargemaster Suringa lêst it nochal lange brief sekuer ear't er it tekent.
‘Men moat dochs witte, wat der yn stiet,’ seit er, wylst er de inket wat fan syn pinne ôfstrykt; en hy liicht der efteroan, dat er altiten alle brieven earst goed trochsjocht. ‘Oars kinne se jin alles wol foarlizze.’
‘Sa is 't,’ knikt Steggerda, dy't in bytsje read om 'e holle is. Hy wit fansels wol better en syn betûfte eagen hawwe ek de taspraken al sjoen, dêr't it buro fol mei leit.
As er fuort sil, ropt boargemaster Suringa him werom.
‘Hjirsa, typ dit mar even foar my,’ seit er en jout Steggerda in stik papier, dat lykwols it ferkearde blykt te wêzen. Hy skuort dan alles trochmekoar, mar fynt it goede net, oant Steggerda wiist op in bôge, dy't leit op 'e list ûnder de spegel. ‘Is dat ek, wat jo bedoele?’
‘Hea, hoe komt dy dêre?’ Boargemaster docht, as is er ferheard.