figuerlik sprutsen, in wan op 'e hûd, as wied er gjin turf heech.’
Boargemaster Suringa is earst tige ferheard. Hy begrypt net goed, wat siktaris bedoelt. Hy hat neat op dominy Douwes Dekker tsjin. Om syn part keapet dy man hjir in grêf.
‘Hjir dan,’ seit siktaris Jelles, en syn hannen trilje in bytsje, ‘hjir dan.’ Hy leit de krante foar boargemaster Suringa del en wiist it misse stee oan. Reade potleadstreken hat hy der omhinne set.
Men kin net sizze, dat boargemaster Suringa syn geast rêd wurket; mar no giet him dochs in lyts lampke op. Dizze rigels nochris wer oersjende begjint er te begripen, dat dominy Douwes Dekker se net mei nocht lêzen hawwe sil. It wurdt him no ek dúdlik, dat er it folle slimmer sein hat as er it miende. Ferdeald, op 'e siktarije hiene se dochs in bytsje oppasse moatten.
Hy is wat kel wurden, boargemaster Suringa, en in bytsje nidich is er ek. Hied er in keardel west, dan hied er planút tsjin siktaris sein, dat wat dêr stiet, reemakke is fan Lamey, en dat it him ûntkaam is. Mar boargemaster Suringa makket gjin keardel út; syn opfetting fan gesach lit net ta, dat er syn flater tajout, sels net foar syn eigen siktaris.
‘Ik haw net yn it earste plak oan dominy Douwes Dekker tocht,’ seit er; ‘ik bedoelde dit mear yn it algemien. Mar fansels, sa'n man hie doedestiids ek better oppasse moatten.’
‘Jo binne fierste fier gien,’ ornearret siktaris; ‘dominy Douwes Dekker is de iennichste yn de hiele omkriten op wa't soks slaan kin. Op sa'n manear jaget men sa'n man hjir wei.’
‘Ik haw neat op dominy Douwes Dekker tsjin,’ seit boargemaster Suringa nochris; hy is der in bytsje mei oan.
‘Dat leaut gjin minske dy't dit lêst!’ Siktaris Jelles wiist wer nei it stik mei de reade streken der omhinne. ‘Eltsenien rint mei dizze krante om. En eltsenien seit. Wat hat boargemaster dominy it mannewaar opsein! Sa wurdt der oer tocht.’
‘It is myn skuld net, mar dominy sines. Dy hie mar better út syn eagen sjen moatten.’ Boargemaster slacht mei de fûst op 'e tafel, krekt as is er tige lulk. Soks docht er wol faker, as er yn 'e knoei sit en him der útrêde wol.