er wat ôfbjinne litten. Mar mei sok waar wurdt it neat. Hy hat der in min sin fan, mar it helpt him net folle.
Mei dit waar giet siktaris Jelles de bosk yn te kuierjen, hy, dy't oars altiten binnenshûs efter syn papieren en boeken sit. Hy docht it dan ek net om't er it sa graach wol; dokter De Leeuw hat him lykwols hjitten, wat mear bûten te wêzen. Siktaris hie wat lêst fan dwilens, de lêste tiid, en neffens dokter kaam dat, om't er nea de bûtenloft rûkt, om't er allinne syn holle en nea de lea brûkt. Dêrom giet siktaris Jelles mei dit waar te kuierjen.
Nee, hy docht it net mei nocht, siktaris Jelles. Kuierjen is by him gjin goede beuzichheid foar in earnstich man. De gemeente-begrutting, de gearkomsten fan B. en W., briefkes en advyskes, dêr libbet er foar. Kuierjen en neatdwaan is likernôch itselde: lykwols, it is net goed, doktersrie te fersmiten.
It rûzet yn 'e beammen en út en troch skynt it der swart en wyt trochhinne fan de grouwe wolken, dy't fan de seekant oandriuwen komme. Der falle altemets ek drippen, mar dy komme ornaris net oan 'e grûn ta; hja wurde wei yn de hege krunen fan bûkelen ikelbeammen.
Efter syn skriuwburo, dêr makket siktaris Jelles in keardel út; yn 'e bosk rint er mar frijwat ûnwennich om. Hy wit de goede paden amper mear, en sa komt er op plakken, dêr't grutte plassen steane en hy mar oppasse moat, gjin wiete fuotten te krijen. Siktaris fielt him net yn syn wêzen; hy fielt him nea yn syn wêzen op oare paden as de deistige en de wenstige. Alles hie faaks wat oars west, as syn frou sa fleurich en sa fiks bleaun wie as yn 'e tiid, dat hja trouden. Mar de rimmetyk hat har lêstich en krimmenearderich makke, dy ferdealde rimmetyk, dy't mar net better wurde wol. En bern hawwe hja net.
Ja, ja, de hurde praktyk rommet yllúzjes ûnferbidlik op; siktaris is al in moai stik oer de fyftich hinne en syn fierder libben leit rjochtút foar him; wat foar moais hat er der noch fan te ferwachtsjen? Gjin bern en in rimmetikige frou, dan moat men it wol yn it wurk sykje, yn de begrutting en yn advyskes.
It minne paad, dêr't siktaris op bedarre is, hâldt op by in hikke;