en as er weirekke wie, hied er it wol heard. Ja, mynhear Loman Hoextra is der grif. Faaks is er net goed by it spul.
En dêr moatte de minsken dan mar tefreden mei wêze.
Lykwols, al ridlik gau wurde se wat wizer. De famylje Loman Hoextra hat foarhinne wenne yn de Gelderske Iselstreek en der binne lju op it doarp, dy hawwe dêr famylje wenjen. Sadwaande komt it doarp te witten, dat mynhear in sokses wêze moat, dy tige ûnder de kwint sit; en de soan skriuwt gedichten, dat dat sil ek wol net fan rjochten doge.
Hoe sil it doarp him hâlde en drage tsjin dizze lju?
De iisklub ‘Nim it sa't is’ komt it earste healjier dochs net wer yn aksje en it fanfare ‘Apollo’ kin noch wol even op syn healtûzen gûne tarre. Foar de sjitferiening ‘Van Speijk’ is it minder; mar sa'n deade fint kin men dochs net samar earefoarsitter meitsje? Wat soe mefrou dêrfan sizze?
Dat lêste is benammen in probleem, dêr't Hylke Berga tige mei sit. Soe sa'n bekstik as mefrou, dy't sels baronesse is, it samar goedkrije kinne, dat men har man in earebaantsje oanbiedt? Wêr fertsjinnet er it einliken oan?
As se mynhear Loman Hoextra dan sels sjogge, falt er de measten dochs net ôf. In man mei in rêde, stevige stap, in snor en in strieën hoed op. By it postloketsje makket er in grapke tsjin de dochter fan de kantoarhâlder, wat de oare lju, dy't dêr wachtsje, wol oanstiet; lykwols, hy stammert in bytsje en der is wat oan syn gesicht, dat de lju, as er fuort is, ta de fraach bringt, oft er wol hielendal frij fan drank is.
‘Wat docht it bestjoer fan de sjitferiening?’ freget de skearbaas Dillema oan Hylke Berga.
‘In hoartsje noch wachtsje,’ seit Hylke Berga, ‘wy moatte de sitewaasje ris goed besjen. Faaks kin it noch wat wurde mei mynhear Loman Hoextra; mar as ús dat net gaadlik taliket, dan soenen wy mefrou altiten noch freegje kinne.’
Hylke Berga is tige iepen, mar it liket wol fertroud; Dillema is op 't lêst ek lid fan ‘Van Speijk’. Mar ja, Dillema is foarsitter fan ‘Apollo’ en dat giet by him foar.