froulju: nijsgjirrich en brutaal. Wêrom litte se him net yn syn wêzen?
Hja freegje, wêr't it hert is en mynhear Wessels wiist der mei syn stôk nei. No ja, dat hjit it dan te wêzen, want men kin der likegoed wat oars út meitsje.
‘Mar in krús sit der wol trochhinne,’ seit ien fan de froulju, ‘dat sjoch ik dúdlik.’
Mynhear Wessels skoot noch wat fierder fuort. Mar hy kin him dochs net stilhâlde.
‘In krús? Ja, dat sizze se al, mar ik haw der noch nea in krús út meitsje kinnen. Bernepraat, sis ik.’
Hy is suver lulk, mynhear Wessels.
‘Hoesa bernepraat?’ freget it oare frommeske. Hja besiket, mynhear Wessels op 'e tekst te krijen. En dat slagget har.
‘Hawwe jo ea mâlder ferhaal heard? Earste bedriuw: in jongkeardel snijt syn letter en dy fan syn faam yn de beam mei in hert en in pylk dertusken. Dwylsin, mar it bart faker. Twade bedriuw: de faam bedraacht de jongkeardel. Bart ek faker. Tredde bedriuw: de jongkeardel snijt in krús troch hert en letters hinne en hinget him op oan in tûke fan dizze beam. No, sa dom is gjin jongkeardel, dat er him om sa'n sleauwe tutte ophinget en boppedat, hoe koed er in meter of acht njoggen yn dizze grouwe stamme opkomme? Of ha jimme wolris heard fan immen, dy't sa heech springe kin? Ik net! It is te gek om deroer te praten.’
‘Faaks wie de beam, doe't it barde, noch wat behindiger,’ jout ien fan de froulju yn betinken.
‘Ik leau, ik haw it ferhaal alris yn in boek lêzen,’ seit de oare.
Mynhear Wessels is no safier hinne, dat er likernôch mei de rêch nei de beide froulju ta sit. Hy woe neat mear sizze, lykwols, dit giet te fier.
‘Stean sokke dingen ek al yn boeken? Is it al safier hinne? It wurdt tiid, dat dizze beam der ôf komt, dan ferdwine de praatsjes faaks ek. Dat hert is gjin hert en dat krús is gjin krús; alles optochte mirakels en net oars!’
‘Dus, jo leauwe der alhielendal neat fan.’