sels al even. Ik soe sizze: kom de middeis om in oere of fjouwer om in kopke tee.’
Master Walinga hat op 'e lippen om te sizzen, dat er snein net kin, mar hy doart net.
‘Ik sil ris sjen,’ seit er.
‘Ik sil ris sjen, ik sil ris sjen?’ Saapke Berga docht ferheard. ‘Wy rekkenje op jo.’
Sjoch, no hie master Walinga moedich wêze moatten en sizze, dat er sneintemiddei mei in oarenien ôfpraat hat en dat it him, nei alles wat der bard is, mar it bêste taliket, dat er alhielendal net wer by har yn 'e hûs komt; mar hy doart net.
‘No, ik sil it besykje,’ seit er, op in toan, dat Saapke wol oannimme moat, dat er komt.
‘Moai; dan kinne jo ek ris sjen, hoe moai jo faas op it teemeubel toant.’
Och, wat is hja nuet, Saapke. Dat teemeubel hat hja al folle earder ris fan master Walinga krige.
As master Walinga trochrint, hat er wat in kaam en de divel yn; ferdeald, dat dy Saapke him der samar even ynlutsen hat. Wat sil er? Hy wit, dat er ek op 'e Geasten ferwachte wurdt.
Hy rint der de hiele dei mei om, master Walinga; op 't lêst beslút er, Saapke Berga in brief te skriuwen. Dapper is dat net, hy wit it; hy hie har planút sizze moatten, wêr't it op stie. Mar it is no it iennichste, dat der op sit.
Hy skriuwt, dat it net oan him leit, dat hja nea in pear wurden binne. Hy hie jierren lyn al trouwe wold, mar hja hat it altiten opkeard en ferline jier hat hjasels har wurd brutsen, want doe't hy de haadakte hie, woe hja noch neat fan trouwen witte, alhoewol't dat neffens him goed ôfpraat wie.
Wilens, dat er oer it brief gear is, makket master Walinga himsels lulk. Hy skriuwt, dat hja him altiten as Pyt Snot behannele hat en dat it him spyt, dat er dat net earder yn 'e rekken krige hat. No him lykwols alles dúdlik wurden is, liket it him mar it bêste ta, as der noch in ferhâlding tusken harren bestiet, dat dy fan beide kanten as ferbrutsen beskôge wurdt.