stikje yn op 'e siktarije ferskynde op in dei, dat syn frou net thús wie.
Lamey mei sokke ferhalen wol hearre. It hiele gefal trouwens hat er wol nocht oan. It ferset syn sinnen wat; altiten der oan te tinken, dat master Walinga dwaande is him der ôf te riden, is ek net aardich.
Tsjin 'e middei, krekt as Lamey en Steggerda nei hûs sille te iten, wurdt der skille by Jan Berga wei: oft it noch lang duorret, want de heit fan de breugeman is ta de drank ferfallen en hy mocht syn hantekening ris net mear sette kinne. Steggerda ornearret, dat it mei gauwens wol ynoarder wêze sil; hy wit net, dat yn deselde snuorje boargemaster en siktaris ferheftich stride foar it dispensaasjebewyske, dat de ofsier fan justysje hielendal net sa hastich jout.
En Jaap Lolkema, waans skuld dit allegearre is, komt út in steich wei, as er Steggerda en Lamey foarbygean sjoen hat; hy hat wat yn 'e bosk omdangele, om't er út noch yn woe, dat syn mânsk wiif wat fan de moard hearde.
De middeis om trije oere komt de auto werom; siktaris hat it nuodlik krige bewyske yn 'e bûse en daliks wurdt Lammers nei ‘In 't Boshuis’ stjoerd, om it folk op te heljen en it riedslid te warskôgjen, dat de houliken slút, en der de moarns al om 'e nocht west hat.
Sa komt alles noch goed, al moat de heit fan de breugeman in bytsje by de treppen opholpen wurde, wylst er ûnfersteanbere dingen jeuzelt. It is in houlik, dêr't ekstra foar betelle is, om't it net op in wenstige dei sletten wurdt. It riedslid ken twa houlikstaspraken út 'e holle: ien foar frije en ien foar bûtenwenstige dagen. Dy foar bûtenwenstige dagen is fansels de moaiste.
Hy praat mei de holle foardel. De ein fan de taspraak is: ‘.... en als dan eenmaal voor u de wereld in het niet verzinkt, gedenkt dan met dankbaarheid, wat gij voor elkaar zijt geweest.’
Jaap Lolkema kin it wol dreame, sa faak hat er de wrâld al yn it neat fersinken heard, mar Jaap Lolkema is der diskear net by; dy leit earne yn 'e bosk efter in beamwâl te sliepen.