dêrom net kwea-ôf nimme, dat er wat noartsk is, de earste sitting. Mar faaks dêrtroch eint it hurd, aardich hurder as by Laerman baron Tinnegieter.
Der binne in pear lju, dy't Frysk tsjin him prate. By Laerman baron Tinnegieter lette dat neat; mar de hear J.P. van Heuvel ferstiet gjin Frysk en lûkt oan 'e skouders, de kant fan de griffier útsjend: wat sizze dy lju? De griffier set it oer en freget de minsken, Hollânsk te praten, mynhear ferstiet it oars net.
De sitting duorret amper oardel oere. Oft der noch folle minsken Frysk prate, freget mynhear Van Heuvel nei ôfrin oan de griffier; it komt him wat nuver oan, sa'n frjemde taal op Nederlânsk gebiet.
It hiele kanton is Frysk, fernijt de griffier him.
Mynhear Van Heuvel ornearret, dat it dochs wol wat ûnfatsoenlik is, dat se tsjin him in taal prate, dy't er net ferstiet; mar de griffier, dy't fan 'e seekant by Harns komt, tinkt dêr wat oars oer. Men kin it ek omdraaie, seit er; immen, dy't oer Friezen rjochtsprekt, mei men fan ferwachtsje, dat er har taal is it al net sprekt, dan dochs ferstiet.
De nije kantonrjochter skodhollet earst, mar kin der dochs net foarwei en jou ta, dat der foar dy opfetting ek wat te sizzen is. Hy komt dan op in oar sjapiter; hy sil hjir bouwe, fertelt er; dy mynhear fan de fundaasje hat him in stikje grûn ûnthjitten, net oan de dyk, mar dochs oan in hurde reed en deun oan de bosk.
‘Fan de fundaasje?’ fernuvert de griffier him; no, dat falt him lang net ôf. Dit wurdt it earste nije hûs yn Abbingawâld, sûnt notaris sines set is.
Mynhear Van Heuvel hie leaver in hûs hierd earst, seit er; mar neffens dy Sybrandy, dêr't er mei yn korrespondinsje stien hat, bestiet dêr gjin kâns op. Bouwen is in bytsje in risiko; men wit net, oft sa'n kantongerjocht hjir wol ivich bliuwt. As it oerbrocht wurdt nei wat grutter plak, en dy kant wolle se tsjintwurdich wol út, dan sit men mei sa'n hûs. Hawar, as hjir sa'n krapte fan huzen is, sil er it ek wol wer kwyt kinne, mocht it safier komme.