is of samar in gewoan persoan,’ seit de opropper Geart Hylkema tsjin Dillema, de skearbaas, ‘as er ús mar yn 'e mjitte komt mei jild of op oare wize skewielt.’
‘Dat sizze jo no wol, mar jonge...’ Dillema is it net mei Geart Hylkema iens. Hy is Abbingawâldster yn ieren en sinen en hat dêrtroch oer somlike dingen wat oare tinzen as Geart Hylkema, dy't him dêr letter nei wenjen set hat. It fanfare ‘Apollo’ hat fan de oprjochting ôf ûnder adellik patronaat stien en it soe in hiele tebeksetter wêze, as fuortoan in gewoane boargerlike namme de flagge waard, dy't dizze muzikale lading diek.
‘Sinten,’ seit Geart Hylkema, ‘dêr driuwt alles op en ik wit net, hoe't it mei jo stiet, mar ik haw der noch nea oan sjen kind, oft se fan in baron of fan in gewoane boarger kamen.’
‘Ik sis jo, dat der bûten sinten ek noch wol wat is op 'e wrâld,’ ferklearret Dillema; en dan set er mar ôf nei syn skearwinkel, want men kin mei Geart Hylkema dochs net oer dit soarte dingen prate.
Der wurdt yn Abbingawâld ek folle petearre oer de fraach, hoe't it mei Lomme Berga komt. Der binne guon, dy wolle ha, Lomme Berga sil wol dien krije. As it fikse minsken binne dy't op 'e state komme, binne se in faktotum net brek. Sa'n nije mynhear moat dochs ek wat te dwaan hawwe. Dyjingen dy't sa riddenearje, hearre troch de regel ta dat diel fan de Abbingawâldster befolking, dat Lomme Berga wol kwyt wol.
Oaren twivelje, oft de nije bewenners sa'n erfstik samar op strjitte sette sille. No ja, hy sil wol minder te dwaan en yn alle gefallen minder te sizzen krije, mar him dien wurk jaan, jonge, dat soe wol wat te slim oankomme.
Yn dizze snuorje hat Lomme Berga oars noch wurk genôch. Hy is yn 'e bosk by it houtkapjen, dat op in ein rint, hy fytst alle boeren ôf om te sjen, hoe't hja de boel ynoarder hawwe, hy hâldt in eachje yn 't seil by it tún, dat der yn jierren sa moai net útsjoen hat as no; rûnom sjocht men him.
‘Hy sjocht it swurk driuwen en wol him ûnmisber meitsje,’ wurdt der smeuld. Einliken is eltsenien in bytsje bang fan dizze frjemde, stille man, dêr't nimmen krekt fan wit, wat er tinkt of wat er útheeft.