der moat in nije siktaris komme, want de tsjintwurdige, dy't molkkontroleur is, wurdt assistint op in bûterfabryk op 'e klaai. Master Walinga's holtsje hinget wat skean en hy sjocht wat ferlegen; sokke dingen handigje him net sa bysûnder. Strak moat er fansels de siktaris ek noch betankje foar syn wurk. Ja, hoe moat der no stimd wurde? ‘Wit immen in geskikte kandidaat?’ freget master Walinga. ‘Dan wiene wy samar klear.’
Dat is yndie de bêste manear, mar nimmen seit wat. ‘Wolle jo net, Froukje?’ freget de molkkontroleur oan de boeredochter fan de Geasten. ‘It jout net safolle wurk: in bytsje op 'e boeken passe en sa út en troch ris in briefke skriuwe; no, dat kinne jo wol.’
‘Och, ik wol it wolris besykje,’ seit Froukje. Har ferkearing mei Lamey is noch altiten net wer oan en hja is der aardich oerhinne. Einliken siet der ek net safolle earnst by dy fint, hat hja efternei betocht; de natuerhistoaryske feriening bygelyks hat er altiten de gek mei hân.
‘No, as dêr nimmen wat op tsjin hat, dan moat it mar sa bliuwe,’ seit master Walinga, bliid, dat it sa maklik gien is. En dan winsket er de skiedende siktaris it bêste en tanket him foar syn wurk foar de feriening en ek foar de freonskip. It komt der allegearre net sa flot út, mar it hat op 't lêst ek neat te meitsjen mei natuerhistoarje en dan hipt it yn dit fermidden net sa nau.
De leden kinne it mar amper ôfwachtsje; bûten is it ynienen tige tsjuster wurden en it rommelt ek yn 'e fierte; daliks, neidat master Walinga útpraat is, stowe hja by de treppen del, om te besykjen noch droech thús te kommen.
Der bliuwe mar inkelden efter op 'e seal, dy't de boel wat oprêde. Froukje is ien fan harren. Hja hat genôch ferstân fan it waar om te begripen, dat hja dochs net mear foar de buoi op 'e Geasten wêze kin.
Even reint it stjelprich, mar it is gau oer.
As de lêsten bûtendoar komme, dript it ûnder de rjochtknipte linebeammen, mar it rûkt lekker en alles liket even fris.
‘Moai is 't no,’ seit master Walinga tsjin Froukje, ‘ik leau, ik bring jo in eintsje.’