kaam is, dêr't er net heart, mar dêr't men him no mei gjin stôk weikriget. En yn 't generaal binne de otterdoksen der net sa bot op út, de frijsinnigen te jaan, dêr't se, minsklik besjoen, rjocht op hawwe.
Al dy dingen binne dominy Douwes Dekker foarhâlden en hy koe net folle oars sizze as: ‘Sa is 't einliken wol.’ Fansels, hy hat wol wat mear sein en net ferswijd dat de ferhâldingen yn Abbingawâld wol wat better wêze koene; mar as 't der op oankaam, wied er it wol iens mei syn kollega's, en hy koe der dêrom net foarwei en ûnthjit, it berop net oan te nimmen.
Dat joech in opskuor yn syn húshâlding. Mefrou hat earst gûld en doe in deimannich neat tsjin him sein. En ek de bern wiene stil tsjin him; dat hat men, as se âlder wurde, hja wolle dan ek meiprate. Lokkich hat dominy wat treast fûn by syn gemeente.
No lykwols binne de swierrichheden wer sawat oan 'e kant. Mefrou hat har skikt; hja koe op 't lêst ek net bêst oars. En dominy Douwes Dekker achtet himsels hast foar it earst fan syn libben in keardel. Efternei besjoen hat er him goed hâlden, tinkt er no.
En der komt wer in deputaasje fan Abbingawâldster frijsinnigen by him; diskear mei it boadskip, dat men him graach in kado jaan wol, út tankberheid. Sjoch, dat hie dominy Douwes Dekker net ferwachte en hy wurdt der suver wat oars fan. Wat er ha wol, wurdt him frege; hy moat it mar sizze.
Dominy Douwes Dekker tinkt oan in boek, dêr't er wol smucht op hie, mar dan komt him ynienen wat oars yn 't sin. As er dizze lju ris nei syn frou stjoerde! Hja hat der mear ûnder te dwaan hân as hy. En it bynt faaks wat. Hy hat him goed hâlden, wis, mar hy hopet dochs, net wer sokssawat mei te meitsjen.
En dêrom seit er: ‘Ik fyn it tige attint fan jimme, mar ik soe sizze, lit myn frou in kar dwaan.’
Sa belânet de deputaasje by mefrou en as dy wat fierder sjoen hie as har noas lang is, dan hie hja de hearen freonlik ôfstegere. Mar mefrou hat yn har foarkeamer in nij ameublemint stean, dêr't hja wol tige graach in pear passende fauteuils by hie, en hja is op 't lêst mar in frou. Hja begjint foarsichtich te praten oer ien