kantonrjochter-pleatsferfanger, mar ek hulpofsier fan justysje is.’ Dat is boargemaster Suringa syn slach. ‘Nee, ik leau, it is dochs sa mar it bêste.’
‘It skeelt ús fansels wol in stik yn 'e belesting,’ seit siktaris Jelles, dy't der yn syn hert krekt allyk oer tinkt. Folle omgong hat men hjir net yn Abbingawâld; notaris hie men neat oan, dominy Douwes Dekker is ek net folle oan kwyt te wurden en dokter De Leeuw syn ideeën kinne der mar amper op troch. En baron Victor hie himsels grif op in ôfstân hâlden. Faaks kriget men wat oan sa'n mynhear Van Heuvel.
‘Dy blinder, ja! De belesting,’ seit boargemaster Suringa; dêr hied er noch net iens op sind. ‘Soe it nochal útmeitsje?’
Siktaris Jelles lûkt oan de skouders.
‘Krekt kin ik it net sizze, mar altiten in tûzen of wat.’
‘Dan sil der dochs wol wer wat besunige wurde moatte. Dy wurkferskaffing en dy steun oan 'e arbeiders, dat kostet te folle. Yn ien klap der mei ophâlde, dat soe de baas wêze. Soks moast kinne.’
Dêr seit siktaris Jelles net folle op, al freget er himsels ek wolris ôf, hoe't dat op 'en doer komme moat. Op dizze manear kin it net altiten trochgean; mar nei de âlde tiid werom, dat kin ek net. Der moat wat feroarje op 'e wrâld, hoe en wat, dat soe siktaris net sizze kinne. Trouwens, der feroaret al wat. As it noch west hie lykas in fearnsieu lyn, dan wie baron Victor kantonrjochter wurden en mynhear Van Heuvel net.
‘Ja, ja,’ seit er dan. ‘Folle is der net mear te besunigjen. Wy moatte mar ris sjen.’
Dan krije hja it oer de state. Siktaris hat heard, dat it personeel dêr te'n earsten bliuwt, mar ûnderskate keamers binne sletten; dêr mei nimmen ynkomme. En Lomme Berga wurdt saakwaar-nimmer; no ja, dat wied er ek al lang.
De state leech! It wol de Abbingawâldsters hast net oan. Men kin der oer tinke sa't men wol, mar it is en bliuwt in strop.
De blomparken en de pôlen rodendrum en de fiver foar de state sjogge der better fersoarge út as yn jierren; ek de state sels