gearre leafhout. Yn de fundaasjebosk steane in pear fan dy âlde, rûge spjirren; fan datsoarte as op Lukas Cranachs Flecht nei Egypte. Dy binne kjeld en noardewyn treast. Sokke beammen jouwe oan in bosk wat geefs, wat respektabels, mar men sjocht se hjir net.
Foar de skilder Hoitema sitte in stikmannich Frânsken te petearjen, rêd en mei drokke gebeartens. Hoitema ken genôch Frânsk, om har ferstean te kinnen. As ien syn kant útsjocht, seit de skilder Hoitema ek in pear wurden; mar de man set even in ferheard gesicht en draait dan de holle wer om. Ferdeald, dat hat men hjirre. Men is der oer! Wis, hja binne flot en frij, dy Frânsken, en as men saken mei harren hat, binne se freonskiplik en rynsk mei strikaazjes en komplimintsjes; mar tagelyk binne se ek tige op harsels en frjemden komme se net temjitte. Dy moatte har eigen paad mar fine.
Noch ienkear set de skilder Hoitema dan fyftich franc op in hynder, mar tinkt dêr hielendal net mear oan, as de hurddravers him even letter, ticht bymankoarren, foarby stowe. Dy koppen, dy bealgen, dy poaten - Hoitema smookt ferheftich, wylst er yn syn sketsboek mei rêde fegen it momint besiket fêst te lizzen. Moaie hynders, dat is wis. Dêr hat in skilder mear oan as oan dy froulju mei har blikke hier, nuver draaiende eagen en reade neilen.
Letter hellet de skilder Hoitema fiifensântich franc fan in loket, want diskear hat er ris goed ret. No ja, it kin dochs net út. It jild wol wol fuort; it is hurder oprekke as de skilder Hoitema tocht hie. Lang kin er net mear yn Parys bliuwe, as er teminsten net alhielendal as in bidler yn Abbingawâld weromkomme wol.
Fansels, hy moat noch altiten de sinten fan it hjersttaferiel hawwe, betinkt er, as er yn de folle autobus hinget, dy't him nei Parys werombringt. Dy fiifensântich gûne moat Sybrandy betelje, dêr komt er net foarwei. Ut en troch docht er de eagen ticht en dan sjocht er de doarpsstrjitte fan Abbingawâld foar him: de rjochtknipte linebeammen binne grien en dêrboppe is de himel, dêr't grutte wite wolken oan driuwe.
Hy wit it, mei gauwens is er werom. En it is frjemd; hy fielt der gjin spyt oer. Nee, hy is bliid, de skilder Hoitema, al soed er dat net graach wêze wolle.