‘Sa'n state, soe dy dan alhielendal leech komme te stean?’ It is Dillema, dy't it freget en dy't blykber wat kel wurdt by dy tins. ‘Dêr soe men dochs it bêste fan hoopje.’
‘Dêr soe men yndie it bêste fan hoopje,’ seit Hylke Berga somber.
Letter, as Hylke Berga syn deistige fracht bôle ôfleveret oan de fundaasje, moetet er freule Valéry de Charleville, dy tige ferslein blykt te wêzen.
‘Skriklik, skriklik,’ seit hja, ‘wat in mislediging foar baron Victor. Wat sokke lju yn Den Haach besielt, om sa mei de tradysje te brekken!’ De hillige Veronica kin der net by; it giet boppe har ferstân. No ja, dy mynhear Van Heuvel sil wol in fatsoenlik persoan wêze, dêr twivelt hja net oan, mar in baron is er net, oars hie dat der wol by stien. Nee, dit is fier mis; wat tocht mynhear Berga, soe dêr no neat oan te dwaan wêze?
Mynhear Berga ornearret fan net; dy mynhear Van Heuvel sil hjir mei koarten wol ferskine.
‘It is bar, it is bar; de hiele fundaasje is yn opskuor.’
Dat docht Hylke Berga gjin nij; it is hurd, as men sa fêst rekkene hat op in kantonrjochter fan better stân en men kriget sa'n deagewoane mynhear Van Heuvel. En dochs is it himsels ek yn 'e wei. As sa'n state leech komt, is Abbingawâld in stikje âlde gloarje kwyt. Soe sa'n baron Victor him noch net ris betinke?
Mar as de jûns de fervers en timmerlju, dy't fan de state komme, fertelle, dat der oars akkoarte is en dat hja no mei in wike dien hawwe, wylst hja oars noch wol in moanne wurk hân hiene, dan wit men yn it doarp genôch.
Yn 'e bosk giet it wurk troch; der wurdt kappe en greppele en in kearmannich deis ride der mallejannen troch it doarp mei swiere belgen derfoar en beamstammen derûnder. It komt de bosk te'n goede; it stie allegearre te ticht op mekoar.
As baron Victor fuortgiet, sil Lomme Berga it wol hielendal foar it sizzen krije. Faaks komt er op 'e state te wenjen; Lomme Berga op it plak fan de baron, it soe bespotlik wêze, as it net sa'n strop wie foar de ferieningen en foar de frijsinnigen.
It treft net sa moai, dat it besiik fan de frijsinnige ôffurdigen