en docht har sear yn 'e holle. Har hier is wyt wurden yn ien moanne. Mar nimmen hat har kleien heard.
By it wriuwen fan de rimmen fynt hja in platte, rûne flesse. Hea, wat is dat foar ien? Frou Lammers nimt him mei nei it rútsje en dan sjocht hja it: morellen op brandewyn.
Bûtendoar set har man ôf op 'e fyts, in tas oan de stange. Dy sil wol mei wat papieren nei in wethâlder moatte.
Frou Lammers sjocht him even efternei, en wriuwt dan wat op 'e flesse om. Morellen op brandewyn, it is al lang lyn, dat hja dy foar it lêst preaun hat. Hja wist net iens, dat dêr noch sa'n flesfol stie. Hja draait it lid derôf en rûkt der boppe; ja, it is noch goed spul.
It is frjemd, mar frou Lammers hat der wol sin oan. Oars taalt hja net nei sok guod, mar no liket it har ynienen lekker ta. Hja faget de hannen wat oan de skelk ôf en nimt in morel út de flesse. Hy smakket sterk; it byt op 'e tonge. Hja nimt noch ien en noch ien en drinkt dan ek wat út 'e flesse. It gleone guod rint har as fjoer troch it kielsgat, mar it let frou Lammers net. It is, oft in swier jok, dat tiden op har lein hat, no stadich fan har ôfglydt, en troch it keldersrútsje sjocht hja de wrâld mei oare eagen as sakrekt. Hja priuwt, oant hja takocht is en stekt dan har holle nei bûten. Dêr giet Durkje, Hessel de Boer syn kreaze húshâldster, hinne.
‘Hoe is 't, Durkje, it himmeljen al dien?’ ropt hja. Durkje draait har kel om; earst wit hja net, wêr't it lûd weikomt, mar dan sjocht hja frou Lammers har grize holle ta it keldersrútsje útkommen.
‘Ik bin krekt begûn,’ seit hja en wit net, wat hja der oan hat; hja praat oars suver nea mei frou Lammers.
‘Einepikewaar,’ seit frou Lammers; ‘ha, ha! einepikewaar, wat sizze jo, Durkje?’ Har lûd is frjemd en skel.
Dit doocht net, tinkt Durkje; as it mei har holle mar goed is. En hja bliuwt stean; faaks moat hja helpe.
Frou Lammers begjint te sjongen: ‘Hij had mij eeuwig trouw gezwo-o-ren, dat hij mij niet verlaten zou...’
‘Hâld jo dochs stil, frou Lammers, wat moatte de minsken tinke!’