bist op alle setsjes en pretsjes, dû brûkst fierste folle drank en ik leau, dû giest ek wolris mei oare froulju út.’
Lamey is ferheard; dit hied er net ferwachte. Dy Froukje falt him lang net ôf. Hy doart har net ienris oan te sjen en sjocht sadwaande ek de triennen net, dy't har yn 'e eagen steane.
‘Dû oerdriuwst, sa slim is it net,’ seit er, de haadsaak ûntwikend.
Froukje moat even de noas snute, dan is hja wer by 't spul.
‘Ik oerdriuw alhielendal net; dat witstû tige goed. Sis my earlik, Johan, wat binne dyn bedoelingen?’
Ja, no wurdt Lamey op 'e man ôf frege; no wurdt it der net better op. Syn libben fan de lêste tiid foldie him oars net sa min: as frij man der op út en yn Abbingawâld in faam efter de hân ta in hâldfest. Einliken stiet him de holle der net nei, dêr samar op stel en sprong mei op te hâlden. Mar wat blikstiender, sil sa'n boeretryn him, in generaalssoan, hjir samar even geweken nimme?
‘Ik bin noch mar fiifentweintich jier, en te'n earsten kin der fan trouwen dochs noch neat komme.’
‘Dat hoecht ek net,’ seit Froukje.
‘Ja, harkris, ik wol noch wat frijheid hâlde. Ik wol my noch net bine.’ ‘Goed. Ik bin ek noch frij. Ik byn my ek noch net.’
En dêr stapt se hinne, Froukje, Lamey op it boskpaad stean littend.
Lamey rint har net efternei. Hy tinkt, hja komt fansels wol werom. Hy wit, hoe't er mei froulju omgean moat. Ja, mar sjoch dat pyst noris stappen!
Och, wat wit de earme tuit fan boere-eare en boerestivens? Wat wit er winliken fan hiele Fryslân? Dêr rint hja hinne, Froukje, de boeredochter, dy't him, de generaalssoan, de wet stelle woe. Sa daliks sil hja wol efterom sjen oft er komt; faaks bliuwt hja stean en ropt wat. Sjedêr, Lamey is de beroerdste net; as hja it goedmeitsje wol, wol hy har wol wat yn 'e mjitte komme.
Mar Froukje sjocht net efterom. Har stevich postuer is noch in setsje te sjen; hja stapt noch altiten as in dragonder. Lamey wit no dochs net, wat hy der fan tinke moat; en syn gesicht stiet frijwat skealik, as hja yn de hjeljûn tusken de beammen ferdwynt.