lûden, dy't dêr heard wurde, mar it slagget siktaris Jelles al ridlik gau, de geasten wat ta rêst te bringen. Hy seit, dat dominy twa dingen dwaan kin: it berop oannimme en der foar betankje. Oannaam hat er it, foar safier't siktaris wit, noch net; der moat no fansels war dien wurde, dat it ek net bart. Dat moat foarsichtich, hiel foarsichtich oanpakt wurde. Beleaven gjin rûzje; dominy fielt him hjir skynber ek net mear sa thús en mei hurde wurden makket men it faaks mar slimmer. It is folle better dat men tajout, dat er wol reden hat om ris nei in oar plak út te sjen; men moat him yn 'e mjitte komme. It soe wêze kinne, dat men him dan safier kriget, dat er hjir noch in jier of wat bliuwt. Siktaris Jelles sjocht it sa, dat der yn Abbingawâld de kommende jierren hiel wat feroarje kin. By de fundaasje hat Lomme Berga neat mear te sizzen en men kin wol oannimme, dat baron Victor ek syn eigen saken regelje wol. As hjir wat nij frijsinnich bloed komt, kin alles noch goedkomme; dat moat men dominy ûnder it each bringe.
Wis, hja binne it der by einbeslút wol oer iens: dominy moat net ferkeard bejegene wurde. En der wurdt ôfpraat, dat de noch oerbleaune frijsinnige âlderlingen sa gau mooglik nei dominy ta sille, om ris mei him en, as it kin, ek mei mefrou te praten.
As de hearen, in bytsje moediger as se kaam binne, ta it gemeentehûs útkomme, giet Lomme Berga krekt foarby. Dat treft net sa bysûnder; mar Lomme Berga syn troanje ferret neat, hy nimt syn huodsje djip ôf en sjocht dan wer foardel, lykas er altiten docht.
‘Wat soe der no yn sa'n keardel omgean?’ freget ien fan it selskip. Nimmen jout beskie; mar de wissichheid fan sakrekt is al wer in stikhinne fuort. Dat is no de man, dy't mear te fertellen hat as hja allegearre meimankoarren.
Ja, wat giet der yn Lomme Berga om yn dizze snuorje? Hy ferbrekt te'n earsten syn swijsumens net, ek de oare deis net, as eltsenien yn it lokaaltsje Bethel by him komt en freget, wat him derfan tinkt. Hy lûkt oan 'e skouders en preuvelt: ‘Ofwachtsje.’ Mar letter, as de psalmen songen binne en de hannen gear west ha, letter lústert er in pear freonen ta: ‘Ik leau, it komt mei koarten wol goed.’