hinne de lêste jierren; Jan Berga is lykwols bang, dat de kaarten foar de bosk djoerder wurde sille en dan wurdt it der net better op. Men moast ris mei sa'n baron Victor prate kinne, mar dêr sjocht Jan Berga wol wat tsjinoan; it liket net sa'n maklik hear en hy hat der grif gjin belang by, dat der in protte fakânsjefolk yn Abbingawâld komt. De hillige Veronica kin der wolris hinne; dy hat by safolle adressen yn it doarp koarting, dat hja mei op 't lêst ek wolris wat foar it doarp dwaan. Sa'n Sybrandy wol fansels goed wurk leverje en faaks is it yn 'e tiid fan Laerman baron Tinnegieter by de fundaasje ek wol wat rûch tagien, mar dy blinder, gjin djoerdere kaarten, dat kin Jan Berga net hawwe en de winkelstân allikemin.
De naald fan Wibren Berga's dak pronket yn it moaiste en blinkendste wyt; dat dogge de protters, dy't der oan ien tried wei op sitte te tsjotterjen; der moasten nedich ris nije pannen op, mar dat begruttet Wibren. Letter yn 'e tiid komt de timmerman wol even, om de nêsten ûnder de pannen wei te heljen; fansels, heal wurk bliuwt it.
Op in dei is Durkje’ ka fuort en Durkje beart wol, mar kin yn har hert it bist gjin ûngelyk jaan. Allinnich libje soe ek neat foar Durkje wêze; kin hja it dan de ka kwea-ôf nimme, dat dy ek wat selskip siket? As it bist mar net sa dom is as syn âlden en bou in nêst yn de skoarstien.
En de sjitferiening ‘Van Speijk’ hâldt har earste priissjitten, mar it is dêr wolris fleuriger tagien. Hja hat wol in legaat krige fan Laerman baron Tinnegieter, mar it wie mar hûndert gûne. Nee, dat is net tafallen; der ha wol jierren west, dat de baron gatten fan folle mear as hûndert gûne samar stoppe. Op soks kin men te'n earsten net wer rekkenje, en dêrom binne de prizen diskear wat beskiedener as oars. It is boppedat wat in reinige dei, net kâld oars, mar sa'n hiele dei wetter, dan giet it nocht der op 't lêst al ôf. En muzikanten binne der ek net, as it nei Jan Berga ta giet foar de priisútdieling; dy keardels moatte betelle wurde en dat sit der net oan. Hylke Berga bringt wol hulde oan de neitins fan Laerman baron Tinnegieter, mar it hie waarmer en dierberder kinnen. Hylke Berga hie op in gruttere dof rekkene.