Op 'e gearkomste wurdt mear praat oer de dea fan de baron as oer it fûns. It wurdt in hiele drokte, de oare deis, mei de begraffenis; Laerman baron Tinnegieter wie de lânhearre fan de measte boeren yn dizze omkriten en hja wurde allegearre op 'e begraffenis ferwachte. In roubrief mei in útnoeging hawwe hja hân; dan kin men net bêst thúsbliuwe.
Ien fan de bestjoersleden hat heard, dat it fanfare ‘Apollo’ op it tsjerkhôf in treurmars spylje sil; dêr hat de baron om frege, ear't er stoar. En der sil ek noch wol wat folk fan bûten komme; dat wurdt in begraffenis, sa't se it te Abbingawâld yn jierren net hân hawwe.
Nee, it fûns dat is bysaak jûn. Jaap Lolkema kin rapportearje, dat it in goed jier west hat; gjin tongblier en ek net folle oare sykte en ûngemak. In pear pinken binne fan de tram oerriden; dat wie fansels wol in skealik postje, mar it hie allegearre folle minder kind; sadwaande is der noch wol aardich yn kas en kin de omslach de oare kear wat leger.
Nei dizze goede berjochten moat de kastelein al even komme, en hy wurdt noch alris wer roppen dy jûns.
Fansels binne hja tige nijsgjirrich, hoe't it no komt, en dêr wurdt lang oer praat. Letter komme der ek streupers yn 'e herberge en dy ornearje, dat it tiid wurdt, dat der te Abbingawâld wat oars rjochtsprutsen wurdt.
In boer, dy't wat tefolle bitter op hat, wol it foar syn deade lânhearre opnimme en lûkt in klomp út, mar de kastelein komt dertusken en stichtet wer frede; dat handicht him sa neigeraden wol aardich goed.
As Jaap Lolkema tsjin tolven op 'e strjitte stiet, moat er wol even prakkesearje, hokker kant Abbingawâld út leit. As in koele wynfleach oer syn troanje strykt, wurdt er wat helderder; hy wit dan it paad wer en sjocht ek de moanne boppe de noch keale beammen stean. De stôk, dy't er by syn sulveren jubileum op 'e siktarije, no al wer jierren lyn, kado krige hat, docht goede tsjinsten dizze nacht. Ut en troch draait de wrâld in bytsje foar syn eagen; dan moat Jaap Lolkema even mei de rêch tsjin in beam oanstean.