23
Dy baron Victor, dat is in sportive keardel, brún ferbarnd en dat yn 'e winter, en earder meager as grou; kin men jin no begripe, dat dat in soan is fan dy boerekeardel? Hy hat in protte reizge, baron Victor, en net allinne mei de trein, de boat en it fleantúch; hy hat ek meidien oan beswierlike ekspedysjes yn it Aziatyske heechlân. Dat witte de lju yn Abbingawâld; wat soe it moai wêze, dat sa'n man him hjir op 'e state nei wenjen sette. Dan siet Hylke Berga net mear yn noed oer de sjitferiening ‘Van Speijk’ en Dillema net mear oer it fanfare ‘Apollo’; en Lomme Berga hie yn dat gefal fêst net mear yn te bringen as lege briefkes.
En de froulju fan bettere stân yn de Adelheidfundaasje dogge de monocles yn de eagen, as er komt en nei freule Valéry de Charleville freget, en hja wurde der hast oars fan; wat in gnappe keardel! ‘Jo moasten hjir al bliuwe,’ ornearret de hillige Veronica, ‘men hat hjir sa'n bytsje omgong en it miljeu is sa ûnaristokratysk.’
Baron Victor antwurdet dêr net folle op; hy freget him ôf, oft er syn beneaming as kantonrjochter wol krije sil. Syn mem is dêr alhielendal net sa wis fan; der binne kapers op 'e kust, hat hja him ferteld en wat it departemint oanbelanget, hiel wat âlde en goede kunde is dêr sa njonkelytsen ferdwûn en de jongerein, dêr kin men sa goed net op oan.
De Abbingawâldsters witte wol, wêr't se oer prate moatte yn dizze dagen; no stiet der ek noch yn 'e krante, dat de saak fan notaris mei gauwens foarkomt. It ûndersiik is ôfrûn en it stiet wol fêst, dat notaris oarmans jild foar eigen, tige persoanlike, saken