Jawisse, fleantugen kinne hurd, mar as Laerman baron Tinnegieter nei in oanfal fan pine fredich en hast ûngemurken de ivichheid yndriuwt, is baron Victor der noch net en sels de frou fan Laerman baron Tinnegieter komt te let. Allinne in broer, pensjonearre prokureur-generaal, dy't yn 'e omkriten fan Arnhem wennet, is derby, bûten de pleechsuster en dokter De Leeuw. En op 'e gong rint Lomme Berga, it faktotum, om en tinkt: No is it safier, no is it safier. It is tsjuster yn 'e gong; oeral yn 'e hûs is it tsjuster, want de moarns ier binne de sinneblinen al tichtdien en de jaloezyen dellitten. De hartekoppen oan 'e kant jouwe spoekeftige skaden: it is net botte gesellich no yn it grutte hûs. It mei Lomme Berga trouwens net tinke, dat it dêr ea gesellich west hat.
Letter komt mefrou, in ferfallen minske mei readferve lippen. Hja kin der net foarwei en sjoch har man even, sa't er yn lekkens bewuolle op syn deadsbêd leit; dan ite hja en de prokureur-generaal in stikje, want hja binne flau op 'e mage. En hja prate oer fan alles, mar net folle oer Laerman baron Tinnegieter, dy't hja nea alhielendal foar fol oansjoen hawwe. Underwilens liede de klokken fan de Abbingawâldster tsjerke; oardel oere beliede se Laerman baron Tinnegieter, wylst se foar Sipke Lammers mar in healoere let hawwe. En op 'e sliepkeamer rêdt it folk fan de begraffenisferiening ‘De Laatste Eer’ mei it omskot fan de baron.
Yn Abbingawâld steane de minsken op 'e strjitte en prate oer de dea fan Laerman baron Tinnegieter, en wat dêrfan de gefolgen wêze sille.
By Hylke Berga, de skearbaas Dillema en noch inkelde oaren hingje de flaggen healstôk út, mar net by Geart Hylkema, de opropper. It is wier dat Laerman Baron Tinnegieter hiel wat dien hat foar de iisklub ‘Nim it sa't is’, mar Geart Hylkema hat nea in flagge hân en keapet ek gjinnen; hy is op in oar plak berne en pas letter yn Abbingawâld te wenjen kaam en begrypt net goed, wêrom't men foar in deade flagje moat.
Dat Sipke Lammers ek dea is, dêr stiet nimmen fierder by stil. Hessel de Boer seit allinne, dat âlde Lammers no net mear roppe kin, dat it sa bêst mei Sipke giet. Elts hie it wol ferwachte en it is