21
Hylke Berga moat oars net folle fan syn neef Lomme hawwe, mar no hâldt er him dochs wolris oan, om wiis te wurden hoe't it mei de baron giet. Dy blinder, it sil dochs in hiele feroaring jaan, as dy komt te ferstjerren. Soene der wer nije bewenners op 'e state komme? Der steane yn Fryslân wol mear fan sokke grutte huzen leech. Foar in protte minsken en benammen foar in protte ferieningen kin it in tige strop wurde.
‘It sil net lang mear duorje,’ fertelt Lomme Berga him op in frisse maartske moarn, ‘ik soe sizze, it rint nei de ein.’
Hylke Berga wurdt der al even stil fan, en yn de bakkerij moat er fierder op 'e dei neat fan grappen hawwe.
De minsken wachtsje op folle dingen yn Abbingawâld yn dizze snuorje; ek op de beneaming fan in nije notaris en fan in nije kantonrjochter. Der wurdt sein, dat de kandidaat noch altiten wol hope hat, dat er syn baas, dy't no yn in grut hûs te Ljouwert tahâldt, opfolgje sil. Hy liket relaasjes te hawwen, dy't net sûnder ynfloed binne; en hy ferstiet it fak wol, want hy sit mei yn de lieding fan in kursus foar notariële eksamens.
Wat it kantonrjochtersbaantsje oanbelanget, it is net alhiel ûnbekend bleaun, dat de jongste soan fan Laerman baron Tinnegieter dêr op docht. Mar oft er it kriget, dêr binne de lju it lang net iens oer. Party ornearje, dat soks einliken net kin; kantonrjochter is net in amtsje, dat samar fan heit op soan oergean mei, en boppedat is in Laerman baron Tinnegieter sa faak rjochter yn eigen saak. Foarhinne like dat net sa'n beswier te wêzen, mar der