No steane se efter it gemeentehûs mei har trijen. De revolver en de gummystôk hingje swier yn Klaas Sietema's bûse: wat in drokte om neat! Is dit no dy gefaarlike Eabele?
‘Freegje Lammers even om de kaai fan it arrestantehok,’ hjit de sjef Klaas Sietema, ‘dêr moat er earst mar even yn.’
‘Is it dêre ek wat waarm?’ freget Eabele, ‘yn de kjeld te sitten is net sa noflik.’
It fierdere petear heart Klaas Sietema net, mar even letter heart er de sjef ynienen wol roppen en bearen: ‘Pak him, dy dogeneat; hâldt him, dy dief!’
Yn in sucht is Klaas Sietema wer bûtendoar, noch sûnder kaai, mar dy is ek net mear nedich, want de arrestant is al fuort: troch it tún hinne, oer in sleat en de bosk yn.
‘Sil ik him noch nei?’
Dy fraach docht Klaas Sietema oan de tige ûntdiene sjef, dy't read om 'e holle is fan argewaasje en noch in pear driigjende flokwurden sprekt oan it adres fan de ferdwûne Eabele.
‘Bliuw hjir mar. It jout dochs neat.’ En de sjef fertelt, hoe't it bard is. Eabele sei: ‘Sjoch, sjoch, dy fûgel dêre, dy sjongt al,’ dêrby wizende op 'e swarte klyster yn de parrebeam. No, dêr woe de sjef wol even nei sjen; in amerij de eagen fan Eabele ôf dus en rûtsdy, as in hazze naaide de arrestant út.
‘Dy sjogge wy daliks net wer,’ seit de sjef, ‘fan 't hjerst miskien; faaks komt er dan wol út himsels. In divelske keardel. Ik hie ek better op him passe moatten.’
Krekt, dêr rekket de sjef de wurtel yn it lid. Klaas Sietema is bliid, dat him dit net oerkaam is; dan hied er grif aardich wat te hearren krige fan de sjef en boargemaster Suringa.
Hja rinne noch even troch it tún om nei te gean, wêr't Eabele krekt lâns stutsen is. By it tintsje sjogge hja it wite gesicht fan Sipke Lammers. De lippen fan Sipke preuvelje wat.
‘Hawwe jo him rinnen sjoen?’ freget de sjef.
Sipke Lammers giet in bytsje oerein; de beide polysjes wurde der kel fan, sa ferfallen sjocht hy der út.
‘Wat wie dat?’ freget er.