As krûme Loadewyk ûnder it mes weikomt, leit er master Walinga de hân op it skouder.
‘Wês wizer, master, en bekroadzje jo net om dat waanwize mirakel. Der binne mear froulju as tsjerken. As jo der josels in bytsje by jouwe, dan fine jo grif wol in betterenien.’
‘Hy seit it en ik tocht it,’ stimt Dillema mei. ‘Dat is gjin frommes, dat is in sinnige kanarje mei har eigenwize stapkes en har hege c. Har gegalm hinget my al lang de kiel út; dêr meitsje ik nochris wurk fan. Sykje ien út, dy't wat sljochter en wat platter is, master!’
Jawisse, it wurdt moai opsein yn de skearwinkel fan Dillema, en yn syn hert kin master Walinga de twa manlju net hielendal ûngelyk jaan. Der hat in tiid west, dat er fan Saapke gjin kwea hearre koe, mar dat is foarby. Hy wit har brekken tige skoan, master Walinga, mar hy hat wat te min fantasije; it is foar him in swier stik, de takomst oars te sjen as mei Saapke en him as frou en man. Soe it dochs mooglik wêze, dat er noch in oarenien fynt? It wol him net fan rjochten oan noch.
Master Walinga is in stil mantsje, mar hy hâldt dochs net fan iensumheid. Hy woe sa graach ris út syn ûngesellige keamer wei yn in eigen hûs stappe. Nee, moai behannele hat Saapke him net. Wat soe dy sizze, as hy it ris mei in oarenien oanlei? Master Walinga wurdt hast kel oer de flecht fan syn eigen tinken. Ja, wat soe Saapke dan sizze?
As er op 'e skearstoel sit, fertelt Dillema, wat er ris mei Wibren belibbe hat. Hy hie syn sjalotten te droegjen hongen oer it stek by syn tún en murk allegeduerigen, dat der guon fan fuort wiene. Op in kear seach er Wibren Berga der wei kommen; it lof fan de sjalotten stiek him noch ta de bûsen út. ‘Ik sei tsjin Wibren: “It is raar, mar ik reitsje al myn sjalotten kwyt.” En witte jo, wat Wibren sei? “Dat dogge de jonges, Dillema; dy stekke de sjalotten op 'e pylken en dan sjitte se der mei. It is sûnde en skande, dat skoandere iten. Mar ik sil der tenei ek wol wat op tasjen.” - Hy soe der op tasjen, jawol en dêr gyng er mei myn sjalotten hinne.’
It is in âlde dogeneat, dy Wibren Berga. Master Walinga wit it fansels al lang. Hy hat yn 'e hûs dêre wolris parren iten, dêr't